Feest yn Skearnegoutum

Lieder D1 oan betterende hân
19 december 2003
Utslach A1 en SDS 4
20 december 2003

Sneontemiddei om goed healwei 5 oere is der in spontaan feest útbrutsen yn Skearnegoutum. Oanlieding foar dizze útbarsting is it ferlies fan de feteranen van SDS yn de bekerstriid tsjin Minnertsgea.

Yn in prima wedstriid dy’t op it fjild beslist waard, die bliken dat Minnertsgea in prima ploech hie. SDS krige prima kansen yn de earste helte mar skoorde net. Dat die Minnertgea wol. Nei it easrte doelpunt kounterden se noch foar de thee nei in 3-0 foarsprong.

Nei de thee kaam SDS prima werom. It waard 3-1 troch Eddy en 3-2 troch Roel. Minnertsgea hie it dreech genôch mar wist ien fan de grutte kansen dochs noch te fersulverjen. Sa waard it 4-2.

SDS koe tefreden weromsjen op de twadde helte mar stie helaas mei lege hannen.  Folkert Rients Vellinga wie twongen om te flaggen want mei syn 28 jier koene wy fansels gjin risikos nimme, want it liket wol sa dat elkenien no op SDS let.

De bouboeren wûnen fertsjinne en dat wurdeare wy mei in plaatsje mei in skoreferrin yn byld, danksy Klaas syn trompke