Lêste wepperkes 2004

Wepperkes -tongersdei-
30 december 2004
SDS nijs
2 januari 2005

Aldjiersfuotbaljen
Krekt as alle jierren wie der ek dit jier wer in âldjierstoernooi. Krekt as oare jierren die Appie Posthumus ek wer mei. En krekt as oare jierren foel hy ek no wer út mei in blessuere. Hoewol,  op karakter sette hy troch en gyng as doelman fierder. Hy kearde in protte, útsein dy feninige skowers fan soan Gearard.

 

Opfallende wie it optreden fan Durk Okkema. Nei in protte jierren tribunetsjinst stie hy no wer yn it fjild. Hy skoorde sels mei bûtenkant lofts. Hy die it noch rêstich oan en bleau foaral yn de buert fan de needútgong.

 

Ferljochting
Feike Jorritsma liet ús witte dat de fergunning foar de ljochten op it nije trainingsfjild binnen is. Dat is prachtich op tiid soene je sizze, want it fjild wurdt pas takem jier nei de simmer brûkt.
De ”ljochten fan Wommels” sille takem jier op it lytse trainingsfild brûkt wurde. Minder watt, dus better foar de ponge en mear ljocht dus better foar de training.

 

Fjildfernieler
It is no bekind dat de dieder fan de fernielerij fan it fjild syn died dyn hat mei in reade auto. It merk is noch net bekind, mar ek dat besykje wy te efterheljen. Minsken mei in reade auto binne op dit stuit fertocht. Wichard hat ús al witte litten dat syn auto wol read is mar dar hy in goed aliby hat. Wy binne dwaande dit mei help fan Peter R. nei te gean.

 

De bêste winsken
It soe wêze kinne dat dit it lêste wepperke is fan dit jier. Je witte dat lykwols nea. Der kinne samar wer wat nijs binnenrôlje.

Wy hoopje dat jim ús ek yn 2005 wer moai wat nijs tastjoere. It is ús nea te folle. Fierders winskje wy jim in protte sûnens en sportive prestaasjes ta yn it nije jier.

Willem en Aant