SDS nijs

Lêste wepperkes 2004
31 december 2004
Wepperkes -moandei-
3 januari 2005

Tusken it liftgewelt en it biljert spektakel is der ek noch gewoan nijs oer SDS.

Futsal

Kommende tiisdei en woansdei binne yn Easterein de foarrondes fan it Fec toernooi. Op tiisdei is Easterlittens de organisearende klup en op woansdei is dat SDS. Op woansdeitejûn moat SDS 1 sels ek fuotbalje. Fansels is elkenien wolkom by dit spektakel.
SDS 2 giet tiisdeitejûn nei Warkum. It exacte programma kinne jimme hjir moarn fine.

Kenniskwis
Sneon 8 jannewaris wurdt der striden om de titel fuotbalprofessor fan SDS. Lolke Hofstra, Kees Jansen, Mark Postma, Wichard Deinum en Willem Wijnia wolle dizze titel graach in jier drage.
Ek hjirby is elkenien fan herte wolkom. It begjin om 5 foar seizen.

891 hits
Wy binne as SDS-side it nije jier goed begûn. Troch mei nammen de liftwedstriid koenen wy juster 891 hits registreare op ús webside. Safolle hienen wy noch near earder hân op ien dei.

Sneon oefenwedstriid
Sneon oefent SDS 1 al wer op it fjild. Drachtster Boys is de tsjinstanner en it begjint om 14.00 yn Drachten. De kâns is grut dat Wichard op eigen fersyk plak nimt op de bank om sa de lêste VI-s noch efkes troch te nimmen foardat hy nei de kenniskwis giet.

Ferinneweare fjild
Sa’t jim lêzen hawwe is it haadfjild fan SDS ferinnewearre troch in autorider. Dúdlik wie dat it om in reade auto gie. Underwilens is dúdlik dat Wichard in goed alibi hie en dus skrakt is fan de list fan fertochten. Sterker noch: it is no klip en klear dat it net in Wommelser dieder is.

Ferinneweare fjild(2)

Jaap van der Velde is no ús nije fertochte. Sa ’n nije auto moat fansels dochs in kear útprobeare wurde.