Nije haadtrainer foar folgend jier bekind
30 december 2004Lêste wepperkes 2004
31 december 2004Oaljekoeken
Moarn is it âldjiersdei. In poergeskikte dei om je misselijk te fretten oan oaljekoeken. Wy geane der fan út dat de famylje Overal wer by de brêge yn Easterein stiet te bakken. Wy sille der wol wer betiid by wêze moatte!
Dit binne der lang net genôch fansels.
Sealfuotbalje
Om it luie swit wer wat kwyt te reitsjen kin je moarn moai te plak yn sporthal de Greidhoeke. Fanôf 14.00 oere is eltsenien hjir wolkom om efkes in boltsje te traapjen.
Hingjen bliuwe of …….
Nei it sealfuotbaljen kinne je twa dingen dwaan. Of by Titus ien keapje of thús ien keapje. je sille dan earst noch al efkes oefenje moatte foar as je sa tapje kinne as Titus fansels. Probearje it hjir sels mar ris.
Gjin fuotballer!?
Eindliks binne de bielden fan Richt har befalling klear. No ’t ik se fanmiddei sjoen bin ik raar skrokken. Pieter sil wierskynlik gjin fuotballer wurde. Of hat hy wol wat fan Eric Cantona? Sjoch hjir mar ris.
Sealtoernoai C-junioaren
Moarntemoarn hawwe de C-junioaren in ûnderling toernoai yn de sporthal fan Easterein. It begjint om 9.00 oere.