Wepperkes -tongersdeitejûn-
23 december 2004Wepperkes -moandei-
27 december 2004Krysttoernoai Frentsjer
Wa as moarn sy nocht hat fan al it sûpen en fretten en der graach efkes út wol, moat efkes yn ‘e Trije yn Frentsjer sjen. Hjir wurdt it jierlijkse krysttoernoai hâlden. Jimme kinne sjen as SDS dit jier ek wer de 1e priis pakt. Sy dienen dit al 2 kear earder.
Tom
Sa’t jim altyd sjen kinne op dizze side berjochtet Willem regelmjittich oer de avontoeren fan syn soan Tom. Wy witte no dat er it drinken fan syn heit hat.
Oer Willem syn sjongkwaliteiten is neat bekind. Dat moat hy wol fan dan wol fan Richt ha.
Syn Ingelsk mei der ek wêze. Harkje nei dit prachtige krystliet fan him.
Moaier kinne wy it net sizze.
Húslik
Húslikheid is it nije moadewurd. Wêr’t oars elkenien sa nedich de doar út moat, wurde je no oansjoen at je de doar útkomme. Der wurde spultsjes dien lykas: Minsk haw gjin argewaasje, Guozzeboerd, strippokere en puzzele. It soe wol moai wêze at alle stikjes der dan wol binne.
Gjin Krystman
At je gjin Sinterklaas fierd hawwe dan soe it wol aardich wêze dat de Krystman lâns komt. Dat is lywkols mar de fraach.
Krystfiere
Minsken sjogge op ferskillende wizen tsjin Kryst oan. Elkenien hat syn eigen tinzen en belangen.
Muzyk
By SDS binne se in protte dwaande mei de fuotbalkenniskwis. By radio 2 giet it om muzykkennis. Fanôf moarn wurdt de top 2000 draaid op de ouwelullestjoerder Radio 2 en op harren side stiet in prachtige fragminten kwis. Echt iets foar de âlde lullen dus