Wepperkes -moandei-

Krystwepperkes
24 december 2004
Hoofdfjild SDS fernield.
27 december 2004

Nije jeugdtrainer (nijs fan de jeugdcommissie)

De invulling van jeugdtrainer is definitief.

Marco Hoekstra wordt met ingang van het nieuwe seizoen onze nieuwe hoofdjeugdtrainer.

Zijn functie invulling is de volgende:

2* training A-1 junioren,

1* training A-2 junioren,

begeleiding A-1 junioren en

zitting als vertegenwoordiger van de A-junioren in de technische commissie.

 

Nije trainer (nijs fan it bestjoer)

It bestjoer fan SDS hat ferline wike mei Lyckle Bleekveld om de tafel sitten om te praten oer it nije seizoen. Sa’t wy al earder berjocht hawwe is men der net útkommen. Gefolch is no dat SDS foar it seizoen 2005/2006 in nije trainer siket.

Op voetbalnoord sil ien dizzer dagen in “adfertinsje” komme.

Rydbewiis
Jacob Klaas Haitsma hat it rydbewiis. It ferhaal giet dat hy juster middei efkes te toeren west hat rjochting de Jouwer en Hearrenfean. Wy hawwe dêr gjin bewizen fan.

3e
It 1e sealteam fan SDS is juster 3e wurden op it Krysttoernoai fan Frentsjer. Yn ‘e heale finale waard yn de “sudden death” mei 1-0 ferlern fan Riemersma Sport. Riemersma Sport wûn úteinlik it toernoai. De ploech fan Willem Wijnia (Mesken Bouw) waard ek 3e. Ek sy waarden yn de heale finale útskeakele mei 1-0 troch “sudden death”. Sy ferlearen fan de Bogt fan Guné. Lykle Bleekveld waard mei De Lange/’t Bild útskeakele yn de 16e finales. Ek sy ferlearen fan Riemersma Sport. It wie wol dúdlik dat in soad Wommelsers en Eastereiners hun nocht hienen fan al dat gefret mei de krystdagen. In soad sieten út te búkjen op de tribunes fan de Trije. Helaas koenen sy foar de finale alwer nei hûs.

Allegear fuotbalje!
Eltsenien dy ’t nocht hat kin op âldjiersdei komme te fuotbaljen yn de sporthal fan Easterein. Om 14.00 oere is eltsenien hjir wolkom. Je hoefe je net fan te foaren op te jaan. Kom dus allegear!!

Beker SDS 2
Net ien wit krekt hoe as it sit mei de bekerkompetysje fan SDS 2. Wy kinne jimme inkelde útslagen
(Selecteer ‘Mannen, Veld, Beker’, kies als klasse ‘Bekerronde x – B39 Mannen Zaterdag beker reserve’ Kies in het volgende scherm als klasse ‘KO’)melde. Sy steane op de webside fan de KNVB. Hjir sil binnenkoart ek komme te stean wannear as SDS 2 de bekerwedstriid tsjin QVC ynhelje moat.

Woansdei jeugdtoernooien yn de sporthal
De tijden van het SDS toernooi voor komende woensdag zijn:
D-pupillen 09.00 uur
E-pupillen 11.30 uur
F-pupillen 14.00 uur

Mear wepperkes
Letter hjoed kinne jimme hjir mear ferwachtsje. Hawwe jimme noch nijs mail it dan nei
info@vv-sds.nl