Wepperkes -tongersdeitejûn-

SDS League: Pieter Kamstra pakt de 1e priis!
23 december 2004
Krystwepperkes
24 december 2004

2005-2006
SDS moat foar it kommende seizoen op syk nei in oare haadtrainer. Troch in ferskil fan ynsicht oer bepaalde saken is besletten om it kontrakt mei Lyckle Bleekveld net te ferlingen. Lyckle is mei syn earste seizoen dwaande yn Easterein.

Nei de winterstop
SDS 1 giet nei de winterstop foar it earst wer los op sneon 8 jannewaris. Sy hawwe dan in oefenwedstriid tsjin Drachtster Boys.

Pieter
De jongste “keutel” fan Willem en Richt groeit noch altiten as koal. Hy sûpt dan ek noch altiten as heit en syn grutte broer Tom. Neffens mem kriget hy ek wolris wat tefolle krekt sa as heit. Sjoch hjir.

B- junioaren
De kommende wike is der yn de sporthal yn Easterein wer sealfuotbal. Op tiisdei 28 desimber spylje de B- junioaren om 12.15 harren KNVB toernoai. Sy hoopje op in protte stipe.

It aardige is noch dat de beide grutte konkurrinten yn de kompetysje jv Bolsward en SDS by elkoar yn de klaaikeamer sitte mar net by elkoar yn de poule. In finale tusken beide ploegen sit er dus wol yn.

 

Oare KNVB toernoaien
Moandei 27 desimber spylje de A- junioaren harren toernoai yn de sporthal yn Boalsert, woansdei 29 desimber gean de C1 junioaren nei Snits en op 30 desimber geane de D1 junioaren ek nei Snits


SDS jeugdtoernoai
29 desimber spylje de D, e en F pupillen harren ûnderlinge sealtoernoai yn de sporthal fan Easterein. Op 31 desimber binne de C junioaren dêr aktyf.


Goeie,

Wat is der mei Sibe, hear ik de lêste wiken in protte. Yn de Treffer waard al oanjûn dat ik ûnderdûkt siet, omdat myn grutte bek my begûn op te brekken. Ik kin jim sizze dat er neat fan wier is. In fûgel lit him gjin sprekferbot oplizze.

Der wie hiel wat oars oan de hân. Se wiene op Skrok dwaande om de “fûgel fan alle tiden “ út te roppen. No siet ik dêr net oer yn, want it wie sa wis as de bank dat ik de konkurrinsje mei Gosse de Goes, Piter Protter, Eage de Ein en Lamme de Ljip mei gemak oan koe. Mar ynienen dûkte der samar in Gurbe de Greidfûgel op yn de list fan de SDS league. Ik moast der fan alles oan dwaan om dy ûnbekende fûgel efter my te litten.  Eilaas it is my net slagge. Alle muoite foar neat. Ik einige op plak 49 en hy wat heger.

Dizze striid haw ik ferlern. Dêrom gean ik my no mar wer wat ta lizzen op stikjes. Mei in skerpe pinne dat sil ik jim tasizze.

En dy Gurbe: no dy moat my net foar de wjukken komme want ik flean oer him hinne.

 

Groetnis

Sibe