Kresh

SDS 1 jier op ynternet mei 15.000 besikers!
3 november 2003
Ferskaat nijs
4 november 2003

Yn desimber 1998 kaam de earste Treffer út yn de nije styl. Fan A-4 nei A5, fan in ienfrousredaksje nei in 5 persoansredaksje. Mei fêste rubriken en in herkenbere opmaak.

Der hawwe oant no ta 49 fan dy nije Treffers west. 49 kear hawwe kompjoeters yn Wommels en Easterein mei alle nocht en wille meiwurke oan it opmeitsjen.

Sa hie it ek gean moatte mei de 50 ste Treffer.

Mar helaas. It gie mis. In kompjoeter mei alle stikjes kreste en alle ynformaasje wie fuort.

In wedstriid ferlieze is net bêst, it bier fet leech is noch slimmer, mar in Treffer dy’t net opmakke wurde kin, is in ramp.

Jim sille wachtsje moatte op de 50ste Treffer. Hy komt helaas wat letter.

Foar de redaksje is dit in moai momint om in lyts lêzersûndersiik te hâlden.

Mail ús wat jim fan de Treffer fine. De leukste reaksjes kinne wy dan yn in folgend nummer fermelde. Ek ferfelende reaksjes binne wolkom, wy hawwe in dikke hûd.

Komme der gjin reaksjes , dan nimme wy oan dat de Treffer jim gjin fuck skele kin en dat wy der like goed mei ophâlde kinne.