SDS 1 jier op ynternet mei 15.000 besikers!

SDS F3 nog steeds ongeslagen
3 november 2003
Kresh
3 november 2003

Moarn sitte wy presys in jier mei SDS op ynternet. It tafol wol dat wy fannemoarn ús 15.000e besiker hân hawwe. Wa at dat west is witte wy net.

De ôfrûne moanne (oktober) is de website faak besocht: sa’n 2000 besikers. De earste moanne hienen wy noch sa’n 1000 besikers.

Yn 12 moanne binne der 430 nije items op de website setten. Dit is dus mear as ien deis.

De measte beikers (103) binne der west op 27 maaie, 10 en 13 oktober. In nij rekord liket der oan te kommen.

De measte minsken besykje de site tusken 7 en 8 jûns. Dus nei it ôfwaskjen.

De measte besikers hawwe wy op moandei en de minste besikers hawwe wy fansels op sneon at eltsenien oan it fuotbaljen is of yn ‘e kantine sit.

Sjoch ek ris op “dat blaue blokje hjirnêst”. Jimme kinne dêr sjen hoe at dizze side besocht wurdt.