Ferskaat nijs

Kresh
3 november 2003
SDS D1 kriget drege bekerronde
5 november 2003

* Durk Okkema wurdt 20 novimber wer holpen oan syn “onwillige knibbel”. Wy hoopje dat it no sa slagget dat wy Durk nochris op in fuotbalfjild sjen kinne as fuotballer.

* SDS 1 bekert sneon 22 novimber thús tsjin sneins-twaddeklasser DIO Oosterwolde.

* Samme Overal hat tongersdei syn ûntstutsen bline term yn it sikehûs fan Snits litten. Snein mocht hy wer nei hûs. Wy winskje him betterskip.

* Juster, ien dei foar ús 1e jierdei, hawwe wy wer in nij rekord helle. 115 besikers kamen op ús webside.

* It wie sneon dúdlik dat de oefenwedstriid fan SDS 1 tsjin WWS wol holpen hat. SDS wûn mei mar leafst 6-1. Opmerklik wie dat net ien fan de spilers die ’t skorrde beide wedstriden 90 minuten fuotballe hat. It is sels sa dat der mar ien doelpuntemakker wie die ’t tsjin WWS de hiele wedstriid fuotballe hat.

* Moarn kinne jimme hjir de nije stân fan de SDS League fine. Hjirûnder de “ideale alve” fan ôfrûne wykein.

Bron: www.vi.nl