Johan Derksen op sponsorjûn!

Wepperkes -tiisdei-
11 december 2007
Wepperkes -woansdei-
12 december 2007

Op woansdeitejûn 6 febrewaris 2008 is der wer in sponserjûn foar alle SDS-sponsers, -donateurs en Freonen fan SDS. It begjint om 20.00 en is fansels yn de nije kantine.

Sprekker dy jûn is dan: Johan Derksen.


Johan Derksen is op it heden mei nammen bekend fan tillevysje(Voetbal Insite) en hy is haadredacteur fan de Voetbal International. Yn it ferline hat hy ek in lange fuotbalcarriëre hân en wie hy û.o. manager fan de Cuby and the Blizzards. Genôch stof om oer te praten dus.

It begiet om 20.00 mei in lêzing fan Johan Derksen. Nei de pauze is der de mooglikheid om him fragen te stellen en de diskusje mei him oan te gean(wa doart?).

Yn de ynternetencyclopedy fan Wikipedia kinne jim alles lêze oer Johan Derksen(klik
hjir).

Johan Derksen stiet bekend om meastentiids in útsprutsen miening. Dit seit hy b.f. oer de foarsitter fan Ajax, John Jaake(klik
hjir).

Dit seit René van der Gijp oer Johan Derksen(klik
hjir).