Wepperkes -tiisdei-

SDS League: FC Arquen pakt wykpriis!
11 december 2007
Johan Derksen op sponsorjûn!
12 december 2007

Sponsorjûn
Op 6 febrewaris sil der wer in sponsorjûn organiseard wurde. Moarn mear ynformaasje hjiroer.

Marcel wer nei de jeugd
Marcel Frankena ferlit oan it einde fan it seizoen SDS 1 as trainer en sil dêrnei oan it wurk as Hoofd-jeugdopleidingen by LAC Frisia. Jaap Toering tipte ús juster oer dit berjocht op Voetbalnoord. Klik hjir foar it hiele berjocht.

Berjocht foar de Boys fan C1
Kommende tongersdei is der sealtrainen fan 17.00 oant 18.00 oere. Sis of sms it fierder.
Dit sealtrainen komt yn it plak fan it fjildtrainen op woansdei want dat giet net troch.

De Treffer
De Treffer fan desimber is út. Der wurdt wer besocht om him dizze wike op alle adressen te krijen. Us adressebestân is net hielendal “stabyl” op dit momint dus mochten jim oer in wike noch gjin Treffer ha, jou dan lûd op it adres
DeTreffer@vv-sds.nl . Wij sille sjen wat wij dwaan kinne.

1998 diel 2
Hoe’t it mei it Wk fan 1998 en de baby fan Jaap Stam ôfrint kinne jim
hjir sjen. Foarlopich ús lêste filmke yn dizze rige.

Aksje
Soe de Heerenveense Courant yn de winterstop ek sa ’n aksje hâlde om Alves by SC Heerenveen te hâlden?(klik hjir).

Sitaartsje
“Wat ik doe als Dick en ik het niet eens zijn over de opstelling? Dan sla ik hem neer. Hoe ik dat bedoel? Gewoon, dan tik ik hem neer. Die kleine kan ik wel hebben. Met Rijkaard was een ander verhaal geweest.”
Willem van Hanegem op de persconferentie in Zeist nadat het duo Advocaat/Van Hanegem is gepresenteerd