Wepperkes -woansdei-

Johan Derksen op sponsorjûn!
12 december 2007
Wepperkes -tongersdei-
12 december 2007

Hoefolle punten hellet it Fean foar 31 desimber noch ?
Foar dizze wike kinne jim mei dwaan oan in priisfraach.
It giet de lêste wiken sa ferskuorrend goed mei sc Hearrenfean dat je hast tinke soene dat se de top trije binnen dringe. Mar dan moat er de kommende 4 wedstriden wol wat barre. 4 kear tsjin direkte konkurrinten.
NAC út, Twente thús, Roda út en ta beslút op 30 desimber Feyenoord thús.
Wij wolle fan jim witte, hoefolle punten de klup út dizze 4 wedstriden hellet en op hokker plak se op 31 desimber dan steane. Mail ús dus it oantal punten en it plak. Dat moat foar sneon 18.00 oere binnen wêze bij ús. Wij sjogge op 30 desimber wa’t de besitter wurdt fan in prachtich boek oer de klup: “SC Heerenveen; spylje mei tradysje” fan Wio Joustra en Yme Kuiper. Binne der mear goeie oplossingen dan lotsje wij.
Mocht der in wedstryd net troch gean, bliuwe wij like goed nei it oantal punten sjen fan de oerbleaune wedstriden en de stân fan 31 desimber is bepalend.
Maile kin nei
dit adres. Wij binne benijd hoe optimistysk de echte fans binne.

Woansdeitejûn futsaljûn
SDS 3 spilet jûn om 20.30 thús tsjin Workum 5. Kom gerust efkes sjen.

Tongersdeitejûn futsaljûn
SDS 1 spilet moarntejûn om 22.00 yn Ljouwert tsjin Leeuwarden 1. It liket derop dat de seleksje moarn aardich breed is. Sawol Peter as Robert Sybesma binne blesseard west, mar sille it moarn wer efkes probearje.

Arie Guittart
Yn it ferline pakte SDS noch wolris in pryske yn de “Arie-Guittart-bokaal” oftewol de sportiviteitsbeker. Dit jier dogge wy it net sa best(klik
hjir).

Krysttoernoai Frentsjer
De sneons foar kryst en 2e krystdei sil der wer in plegje fan SDS meidwaan oan it renomearde krysttoernoai fan frentsjer. It programma sjocht der sa út(klik
hjir).

Ek rinne
Op 5 jannewaris kin der wer draafd wurde tidens de tradisjoniele snertrace. (Yn Warkum drave se nei it snertiten noch in kear; fandêr it wurd strontrace)
Ek is der wer in gewoane rintocht, fan sa’n 1 1/2 oere mei  wierskynlik Anne Brouwer wer as tempomakker. It giet dus net te fluch.

Ek rûn
It is al wer efkes lyn dat in oantal kracks út Wommels (Popko, Meinte en Eling) de Kennedymars yn Wâlterswâlde rûn hawwe. Dat wie gjin 1 1/2 oere mar 14 oeren en totaal 80 kilometer. Nei ôfrin wie der noch gjin oantinken mar dat waard letter opstjoerd. Bliid ferrast wiene se doe’t se ……in pen tastjoerd krigen. Dat levere grutte wardearing op bij de dielnimmers en in protte reaksjes
yn it gasteboek.

Glêd
Tsjalling Sikma wit ús te melden dat troch al dat wetter de lêste dagen it net allinnich glêd is foar de spilers om te fuotbaljen, mar dat it foar fersoarger Dooitze Nauta ek gefaarlik wurdt(klik
hjir).