Jan Nota yn de kantine!

Weppers snein 13-3
13 maart 2016
Weppers tiisdei 15-3
15 maart 2016

Nei ôfrin fan de lêste kompetysjewedstryd fan SDS 1 dit seizoen sil troubadour Jan Nota optrede yn de kantine. Dit is op sneon 14 maaie nei de wedstryd SDS 1 – Oudehaske 1.



Troubadour Jan Nota kinne wy fansels allegear fan eardere optredens. Sa stie hy ek op it 65-jierrich jubileum fan SDS yn 2012. Doe liet hy ús û.o. foar it earst it SDS-klupliet heare. Op sneon 14 maaie sil dit dan ek seker te hearen wêze. Mar gau de tekst út de holle lere!

“Sljocht op SDS”

Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!

“Sterk Door Samenspel”
Dat is eins ús yell.
Doe stie der noch in âlde keet.
No in MFC mei brûkers by de fleet!

Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!

“Steun De Stakkers“
wurdt der wolris sein.
Mar fuotballers omkriten Easterein makket it allegear neat.
Net ien dy ‘t “Swart-Wyt” ferrinneweard!

Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!

“Spylje, Dûse, Sûpe”
Hurd wurkje, troch de modder krûpe.
It leafst spylje nei de toer.
Wier dan rint net ien ús oer!

Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!!!

Muzyk: Jan Nota.
Tekst: Jan Nota, Sjoerd van Beem, Willem Wijnia