Weppers snein 13-3

Ut- en ferslagen sneon 12-3
10 maart 2016
Jan Nota yn de kantine!
14 maart 2016

Karbonaadsjes
De fleisprizen fan Murk’s Slagerij by it Draaiend Rad folle op it heden sa goed yn de smaak dat wy der swier oer sitte te tinken om tenei 4 ronden Draaiend Rad te dwaan. De drûge woarsten wurde yn de kantine al opiten en de karbonades en rollades wurde de frou thús al beloofd sadat sy gjin fleis foar sneins hoecht te heljen.
De kans wurdt allinnich hieltiten grutter dat ek de karbonades al yn de kantine opiten wurde. Sneon hienen wy namelijk in primeur yn de kantine. It docht bliken dat de karbonaadsjes fan Murk út de frituur wier oan te rieden binne.

Dêr kin gjin restaurant tsjin op

Petsje ôf!
Wat binne der op sneon dochs in soad lju yn it spier om it alle fuotballers wat nei de sin te meitsjen. Fan materiaalmannen oan ’t skiedsrjochters, fan kantinefrijwilligers oan ’t lieders en trainers en noch folle mear. Allegear mar wer tige by tige!

Lolke Bouma en Geert Dijkstra romje de hoekflaggen op.
Foto: Henk Bootsma

Poeisz-aksje
SDS is dit jier útlotte foar de Poeisz-muntenaksje, mar KF Easterein docht al mei. Yn de kantine stiet in grutte pot wêr ’t jim de muntsjes ynsmite kinne.

Foto’s SDS 1 – NOK 1
Jim hawwe al in pear sjen kinnen, mar Henk Bootsma hat juster fansels noch folle mear foto’s makke by SDS 1 – NOK 1. Se binne te finen op Facebook (klik hjir).

SDS’ers derop út!
Juster wie PSV – sc Heerenveen. Twa SDS’ers fûnen it wol de muoite wurdich om der efkes hinne. Ajacied en Cambuurman Jaap Toering en fuotbalfanaat Jelle de Jong seagen noflik by de kachel yn it Philips-stadion in prachtige wedstryd. Wy freegje ús allinnich ien ding ôf;
Soe Jaap jûchheid hawwe by de goal fan sc Heerenveen?

Jelle noflik by de kachel

Alderaardichst


Harsens derby (1688)
Toet, toet, Tooooooooooeeeeeet!!!