Weppers tiisdei 15-3

Jan Nota yn de kantine!
14 maart 2016
Weppers woansdei 16-3
15 maart 2016

Fuotballijen
Yn it AD steane somtiden opmerlike ferhalen oer wetten. Dizze kear gie it oer in fuotballer dy’t troch ien rare aksje him(en oaren) wol in hiel soad lijen op de hals helle. Sjoch
hjir.

Programma
It programma foar sneon mei de skiedsrjochters derbij kinne jim
hjir fine.

SDS 1
Foar al dy supporters dy’t sneon SDS stypje wolle yn de wedstriid tsjin Makkum is it goed om te witten dat it dêr om 15.00 begjint.

Slotmiddei-jûn jeugd
De jierlijkse slotmiddei-jûn foar de D-,E-,F- en Mini-League-jeugd fan SDS is dit jier op freed 27 maaie. Gau yn de aginda sette dus!

De A’s dogge goeie saken!
SDS A1 hat ôfrûne sneon goeie saken dien. Sels wûnen sy mei 5-0 fan Terschelling A1 en sc Stiens A1 spile mei 2-2 lyk tsjin nûmer lêst MKV A1. Dat betsjut dat SDS A1 no allinnich koprinner is mei 2 punten foarsprong op sc Stiens. De lêste wedstryd fan it seizoen op sneon 7 maaie mei SDS A1 út tsjin sc Stiens.

Keunstgerspetear
Woansdeitejûn komt der wer in delegaasje fan Antea, de Skoalleseize, KF en SDS gear om spikers mei koppen te slaan foar it oan te lizzen keunstgersfjild. As alles goed giet dan wurde de definitive handtekeningen begjin april setten en giet it healwei maaie oan.

Wykeintip
Jim kinne fansels allegear de Voskovs wol? Dat is ommers dy band fan al dy heiten dy’t dochters en soannen bij SDS fuotbaljen hawwe! Kommende sneon steane se wer te lieden of oan te moedigjen en de jûns spylje se yn Itens. Dat soene wij in útgeanstip neame wol want neist in optreden sille se ek op in grut skerm hiele moaie klipkes sjen litte mei wol wat stevich wurk hjir en dêr.

Harsens derby (1689)
Boooooooooeeeeeeeeeeeeeeee!!!!