It WK giet jûn los!

Weppers snein 5-6
4 juni 2011
Weppers tiisdei 7-6
6 juni 2011

Freonen fan it WK,

 

We skriuwe 27 mei 2011. In sintsje, de fuotbalherten geane iepen en de knoppen dy ’t san 8 moanne ticht west ha, skreauwe om út te meie kommen. De seleksje is makke. De lisinsje is wer ôfjûn, it fjild leit der kreas bij. Heech tiid foar spektakel. It WK 2011 giet oan.

 

De tarieding koe net moaier. SDS 1, it hiele jier mei de hânrem der op spiele, enerzjy besparre, op heale kracht en krekt, mei 1 goal yn de plus,  yn de 2e klasse bleaun. Sjapoo en in djippe boeching fan it WK bestjoer foar dizze matadoren. It jout ek oan dat de status fan it WK langsum yn de rjochting komt dy’t it fertsjinnet. It motto fan 2011 is net foar neat:
‘Raise the bar and close the gap’.

It kaf mei sich wer ûnderskiede fan it koarn. En de bar, we hâlde allehjer fan de bar, kin omheech.

 

Hee Chi Yong hat ús wer skema’s mei jûn, mei it bootcamp as ‘piekmoment’. Mar wij fan it WK bestjoer wolle mear. We ha in topmanager út Servie helle, dy’t wit hoe at hij minsken motivearje kin. Jierren lange erfaring mei grutte groepen minsken, en ek Nederlanders bin m net frjemd. Fannacht oerflein nei Den Haag en we ferwachtsje dat we him presintearje kinne bij de ôftraap kommende moandei.

 

De ôftraap fan it WK 2011 sil plakfine op

 

moandei 6 juny oansteande, 20.00 oere op Camp wat Nou yn Wommels.(Skopfjild)

 

Wij ha der sin oan, jim wanskiklik net.
Mar wat moatte we oars.

 

Ut namme fan It WK bestjoer

 

Alg. Stat. Dir. Fa. List & Bedrog

H.K. Engbrenghof

 

&

 

Vice premier bûtenlânse tûnbeannen

A.F. de Boer