Weppers tiisdei 7-6

It WK giet jûn los!
6 juni 2011
Weppers woansdei 8-6
8 juni 2011

Ofslúting SDS 1
Ofrûne freed belibbe de A-seleksje harren offisjele ôfslúting fan it seizoen 2010/2011. Der waard teatst en barbecued.
Tsjipke-Klaas Okkema wûn it teatsen troch al syn trije
wedstriden te winnen en mar 6 tsjinearsten te hawwen.
Wytze Lanting waard twadde en tredde waard Arjen
Posthumus.

Nei de barbecue waarden der ek noch wat minsken yn it
sintsje setten troch de seleksje. Sa waard Klaas Overal
tank sein foar it grinsrjochterjen fan de ôfrûne jierren, hy
haldt der mei op. Mark Postma hald foarearst op te
fuotbaljen en rjochtet him op syn studzje en Feite de Haan hat oanjûn it wat restiger oan dwaan te wollen. Derneist wie der ek noch in blomke foar Marten Faber dy’t ek ophâldt.

Oan it ein moast der ek noch in spiler fan it jier keazen
wurde. Mei mar leafst 47 punten waard dat Jacob van
Wieren! Twadde waard Tsjipke-Klaas mei 38 punten en
Kristian Gaastra waard tredde mei 19 punten.

Op de foto

De ôfskienimmende spilers en flagger en de priiswinnende teatsers en fuotballers fan SDS 1

D1
De D1 spilers en de D1 heiten hawwe sneon fuotballe. Hoe’t er it krekt dien hat as heit begripe wij net, mar Johan Heerma hat wer moai wat foto’s makke. Jim kinne se
hjir allegear sjen en it is de muoite wurdich.

Hân op de knibbel

De heiten fan D1 foar it earst op de foto meielkoar. En at der dan ien ropt ” hân op de knibbel” dan dogge se dat braaf. Allinne is it wol de bedoeling dat je de eigen hân op de eigen knibbel dellizze.

Spannend
Foar in inkele SDS-er is it woansdei in spannende dei. Jierdei!

Iepening Wommelser Kampioenskip 6 juni 2011
It is altyd mar wer de fraach hoefolle minsken op san earste edysje fan it WK komme. We hiene as back-up noch it keatslân, mei tank oan de keatsferieniging, om noch eventueel in twadde fjild te meitsjen. De opkomst wie gigantysk mar nei in strikte seleksje proseduere binne der 13 man selektearje om mei te dwaan oan de pretinsjeuze  iepeningswedstriid fan it WK. De lijnen wiene krite mar helaas hat de lokale jeugd it kriet foar iets oars oansjoend. Sûnder linen mar mei 2 fantastyske goaltsjes koe der al snel start wurde. Wat foel der dizze edysje fan it WK op?:

          Willem sil moarn nei de kapper

          Johan P.  op oarlogspaad

          Martin R. makket in pica foar Twitter

          Henk P. op heale kracht

          Eeltsje Sikke probearret sich wer yn de kijker fan SDS te spyljen

          Bram is mei de hannen op de rêch better

          Wytse L. sjit “lelijke” ballen

          Bote S. wie net oanwêzich sadat der in ûneven seleksje wie..nimmens it WK Bestjoer: bedankt Bote.

          Ralph “The Black Pearl” sûnder eachlapke mar mei in houten poat

          Jelmer P. makket alle ferwachtingen wier..ja ek die..

          Sytze H. noch steeds as in skeermes

          Tjipke O. spilet better soent der mear fan it camping libben geniet

          Arjan P. hat it ferstân yn syn skeenbeskermers

          Hendrik E. hat mei opset gjin ien ferteld dat syn bealch 3e graads ferbaarnt wie.

 

Team Donker:

Ralph W. Hendrik E., Arjan P.,Willem W., Wytse L., Eeltsje Sikke, Henk P.


Team Tropisch gekleurd

Bram v B., Tsipke O, Johan P., Sytze H., Martin R., Jelmer P.

 

Team Donker hie letterlijk, mei in pear swier gewichten, en figuurlijk it fjild oerwicht in dizze wedstriid. De wedstriid kaam al rap op 4-1 foarsprong foar Team Donker. Team Donker waar lakonyk en ferget al snel dat ek Team Tropisch nog in pear skerpe jonges yn it fjild hienen rinnen. It waar 4-4 troch in pear skerpe counters en in pear gigantyske flaters fan ûnder oare Eeltsje Sikke en The Black Pearl. It ûntbrekte oan kondysje bij team Tropisch om dit hege niveau fan fuotbal fêst te hâlden. Team Donker pakte de wedstriid winst bij in stân fan 7-4.  Tiid foar de earste winnende goal fan it seizoen. Alle kopkes wer op strak..in nije wedstriid. Hurd tsjin hurd en gjin ien woe ferliezen. The Black Pearl seach kâns om in eardere fout goed te meitsjen..mei al syn krêft en balgefoel helle derût..ja..syn dream kaam ût..de earste winnende goal op syn namme skriuwe..mei triennen yn syn eagen stoarte hy sich yn de earmen fan syn teamgenoaten. Nei in protte gejank en gejuich koene we mei syn allen 1 konkluuzje lûke; Tongersdei 9 juni 20:00 moat der wer fuotbalje wurde…en die sprekwurdlike latte giet noch 2 meter omheech.

Nimmens it WK Bestjoer,

 Alg. Stat. Dir. E.H.E.C. H.K. Engbrenghof

Harsens derby (488)
Dizze heit wit yn 2 sekonden it foar syn hiele hûshâlden te bedjerren. Mei de frou en soan en dochter by it honkballen op de trbune lit hy syn dochter falle en fangt hy de bal ek noch net iens. Hy kin wol troch de grûn sakje:


Fannemiddei miskien noch mear!