It frouljusfuotbaljen is dea…. Libje it frouljusfuotbaljen!

Kompetysjes dien
20 juni 2022
Help mei frijwilligers sykjen!
21 juni 2022

Spitich genôch stoppet it frouljusfuotbaljen op sneon by SDS. De ôfrûne jierren rûn it tal froulju wat fuotbalje kin op sneon stadich werom en mei troch wurk en ferhúzingen waard it hieltiten dreger om sneons 11 froulju yn it fjild te krijen. Mei de trainers Johan Wittermans en Richard de Greef is der fan alles oan dien om te foarkommen dat it stoppet, mar it wie net mear te keren……

Lokkich genôch hawwe wy folgend seizoen alwer in 7×7 team om sa no en dan op freedtejûn te baljen.
De folgende froulju hawwe harren al oanmelden fia Hester Kingma:

1 Hester Kingma
2 Lysanne Wiersma
3 Gerry-Edou Mollema
4 Seriette Strikwerda
5 Marrit Hiemstra
6 Kirsten Hiemstra
7 Femke Terpstra
8 Harmke van der Werf
9 Agnes Posthumus
10 Sieta Tessemaker
11 Richtsje Strikwerda
12 Larissa Euper
13 Alissa Veenje
14 Tarina Veenje
15 Elske Galema

Op dizze manier sette wy it frouljusfuotbal al troch en hooplik levert dat yn de takomst op dat wy gau wer in alvetal op sneon hawwe.