Kompetysjes dien

SDS seal slút seizoen prachtich ôf
16 juni 2022
It frouljusfuotbaljen is dea…. Libje it frouljusfuotbaljen!
21 juni 2022

De fuotbalkompetysjes binne dien. Foar SDS teams sit it der al wat langer op ( op SDS 2 nei), de rest fan Fryslân is no ek klear.

Der foelen dit wykein noch in oantal nijsgjirrige beslissingen.

Workum 1

Yn 2001 degradearren se nei de tredde klasse, se sakken noch efkes ôf nei de fjirde klasse, mar no 21 jier letter binne se werom yn de twadde klasse. Fia de neikompetysje ( Wikels Hallum, Heerenveens Boys en yn de finale ONT) hawwe se de tredde klasse A ferlitten.  Se ferlearen dit jier thús 1 kear en dat wie tsjin SDS 1

Nijland 1

Nijland 1 hat it dit jier net mear rêden yn dy twadde klasse. Mei ferlies tsjin ONT yn de herkansing binne sij werom yn de tredde klasse A. De streekderby  tsjin SDS 1 is werom. Altyd moai.

WPB 1

WPB 1 hat 4 jier yn de fjirde klasse ompield en is no werom yn de tredde klasse A. Yn de neikompetysje fersloegen se Tonego. Ek WPB leit ek op derby-ôfstan.

sf Deinum 1

Yn de fjirde klasse A fan it sneinsfuotbal mocht Deinum besykje fia de neikompetysje nei de tredde klasse te gean. Yn in spannende wedstriid tsjin Siddeburen waard de oerwinning helle yn de strafskoppen searje. Trainer Remco Bervoets (kommend seizoen trainer fan SDS 1) waard juster bij it fuortgean dan ek lûd tasongen: Remco bedankt….Remco bedankt….

Omdat sf Deinum oergiet fan snein nei de sneon kinne sij miskien ek wol yn 3A komme, mar de kâns is grutter dat it 3B wurdt.

Oosterlittens 1

Oosterlittens moast fia de neikompetysje it treddeklasserskip feilich stelle. Dat slagge sneintemiddei tsjin Warga. Se wûnen mei 2-0 wylst se de útwedstriid ek al wûn hiene mei 1-2.