In nij SDS Vr.2!

Doch mei oan de skiedsrjochterskursus!
4 augustus 2021
De JUMBO-Kooistra SDS-ballenaksje
7 augustus 2021

By SDS traine de froulju fan Vr.2 ûnder lieding fan Paul Walstra eltse wike, mar spylje gjin kompetysje.
No hat in klupke froulju harren oanmelden dy ’t allinnich meidwaan wol yn de freedtejûnskompetysje en net hoecht te trainen.
Om ’t sy al kompetysje baljen gean wurdt dit foar de KNVB automatysk Vr.2 en wurdt Paul syn ploegje Vr.3.
Mocht Vr.2 ris te min hawwe dan kin der sa moai in berop dien wurde op de froulju fan Vr.3.

Op ynisjatyf fan Jildou Sweering hawwe de folgende froulju harren oanmelden:

Ilse Tuinenga
Elma Breeuwsma
Marrit Zeinstra
Anne Monfils
Nieke Wateler
Lusanne Klaver
Anna-Brecht Bruinsma
Anne-Berber Zeinstra
Sietske Okkema

De froulju hoefe net te fuotbaltrainen, keatstraine dogge sy ommers al genôch 😉
Sommige froulju fuotbalje op sneon noch by in oare feriening, mar om’t de freedtejûnskompetysje rekreatyf is kin dit beide.

Neist Vr.2 is der noch in groepke froulju wat it wol wat ta liket om op freedtejûn te baljen.
Liket it dy ek wat of wolst mear ynformaasje mail dan nei info@vv-sds.nl.
De earsten hawwe harren hjir ek al foar oanmelden:
Catharina Postma
Alissa Veenje