In goed begjin!

De freonen fan SDS (6)
2 januari 2004
SDS League: Wêrom de Butchers op 1?
3 januari 2004

Wy binne it nije jier goed begien mei ús webside. Op 1 jannewaris hienen wy wer in nij rekord. Juster binne der 177 besikers op ús webside west (it lêste rekord wie op 15 desimber mei 149 besikers) Dochs liket it derop dat wy dit hjoed alwer ferbrekken gean. Fannacht (2 jannewaris) binne der alwer 16 minsken op ‘e webside te sjen west. En it is noch mar 4.00 oere(?!) Meastentiids bin ik de ienige ’s nachts. It is wol dúdlik dat der in soad minsken binne dy ’t benijd binne hoe ’t it mei de lifters is. Dizze lifters lizze ús dus gjin wynaaien. Jimme kinne hjoed fêst wer lêse wêr ’t eltsenien him befynt.(Wêr bin Wybren en Klaas?)