In dei fan ‘e pôlle

Webmaster huldige by Nederlân-Tsjechië
9 september 2004
Wepperkes (freedtemiddei)
10 september 2004

Moai sa woansdei in dei fan ‘e pôlle. Mei noch 10 oare webmasters wienen wy útnoege troch de KNVB en waarden in dei yn it sintsje setten (al skynt dy net bot binnen de Arena). Middeis om 14.00 oere waarden wy al ferwachte yn de Koninklijke Lôge fan de Amsterdam Arena. Dêr in bakje té mei gebak. In leuk praatsje dêr en wat mei oare webmasters keuvelje oer bits en bytes. Dêrnei in rûnlieding troch de Arena. Dat begie fansels yn it Ajax-museum, want wat is it Nederlânse fuotbal no sûnder sa ’n klup.

Sûnder dizze (âld)-Ajacieden wie Oranje yn elts gefal net folle west.

De webmasters hjirûnder wienen allegear mei. De KNVB hie út elk district in webmaster keazen. De measte webmasters wienen fan ferienings dy’t al wat grutter binne as SDS. De webside fan DVS’33 út Ermelo lûkt deis sa’n 500 besikers, mar hat dan ek mear as 1000 leden.

Dit binne de webmasters fan de folgende sides.
www.vvalphia.tk

www.rksvm.nl
www.dvs33.nl
www.wscwaalwijk.nl
www.germanicus.nl
www.vv-sds.nl

www.rksvmeterik.nl

www.svhoofddorp.nl

www.konhfc.nl
www.sparta-rotterdam.nl
www.ga-eagles.nl

Sjoch foar de aardichheid ris op de websides fan de oare ferienings. Hjir sitte wol aardiche by.

Hjirnei krigen wy allegear in certificaat en in persoanlik praatsje fan de bûnsfoarsitter fan ‘e KNVB, Jeu Sprengers.

Wat soe Willem hjir tinke?(Mail it nei
info@vv-sds.nl)

Ûnder it genot fan in bierke(fluitsje kâld bier, gratis, safolle as je op kinne, sifer:7,5) en bitterballen, amsterdamse sipels, soere hearing, tsiis, leverwoarst, augurken en tsiissouflétsjes mochten wie Jeu Sprengers in oere oanheare.

Dêrnei mochten wie oanskowe by it diner. Ûnderweis de aperitiefjes al wer ferbaarnt want it diner fûn plak oan de oare side fan de Arena. Tusken mannen as Ronald Koeman sieten wy te iten, dus je hoechden je net te skamjen as gewoane boere…. Wat wy ieten wie net út te sprekken mar smakke al. Sis mar fisk, hiele djoere lytse baltsjes, stik fleis, prut en iis mei flaai nei. Tuskentroch ris in bierke om de fisk en dy nuvere boltsjes swimme te litten.

Hjirnei de wedstriid wêr it eins om te dwaan wie, Nederlân-Tsjechië.

In hels kabaal en deselde flaggies as dat sy ek wolris by Hearefean hawwe mar dan yn ’t oranje.

Lykas by SC Hearefean waard ek yn de Arena foar de wedstriid in folksliet spile. Alinne no foar beide teams ien en it Frysk folksliet koenen wy út beide net gewaar út wurde.

By de 1e goal fan Pierre van Hooydonk wie Richt krekt wat te gau mei de foto.

Tidens de rêst koenen wy it ôfskied fan Jaap Stam, Marc Overmars en Frank en Ronald de Boer meimeitsje. Wie it net dat Richt pisje moast en ik toast hie.

Ek by de 2e goal fan Pierre van Hooydonk wie Richt krekt te hastich.

Al mei al in perfekte dei hân. De KNVB hie alles knap regele. Mochten sy in folgende kear nochris frijwilligers sykje dan binne wy beskikber.

P.s. Aant en Rienk tige tank!