Wepperkes (freedtemiddei)

In dei fan ‘e pôlle
10 september 2004
Wepperkes (sneontemoarn)
11 september 2004

Opstellingen sneon
De seleksjes wêr as SDS 1 en 2 sneon mei op stap geane binne ús net bekind. Wol witte wy dat sy it noch aardich dreech hân hawwe. Sy hawwe 3 keepers ta hun beskikking(Remco, Marten en Jappie) en der kinne mar 2 spylje om ’t SDS 3 dit wykein net hoecht te spyljen(?). Mocht ien de seleksje fan SDS 1 of 2 witte of in idee hawwe, mail dit dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Seleksje SDS 1 sneon
Wy krigen reaksje op ús oprop om de seleksje fan SDS 1 te mailen. Wichard Deinum wit it folgende te melden:
Sa as altyd bin ik skerp en wit ik de seleksje fan it eerste
Keeper : Marten
Efteryn : Wicky-Floris-Feite-Kees
Midden : Tjipke-Gert Jan-Harm
Foaryn : Hindrik-Durk Yde-Robert
Bank : Jacob Klaas-Jan Simon en Mark
Trainer : Lykele Bleekveld
Lieder  : Anne Brouwer
Flagger :Klaas “ALD ROEK”Overal
Groetnis fan Wicky en succes moarn in Genemuiden en ast mei de veerboat oergiest pakke jimme zeker 3 punten
“.
Mocht der noch ien wat witte oer de seleksje fan SDS 2 mail dy dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Teamfoto’s
inkelde nije teamfoto’s stean op de webside. Sa steane de nije foto’s fan SDS C2, D1 en E3 al op de side. As ien sneon foto’s meitsje kin fan ien fan de oare teams sneon dan graach. Mail se nei
info@vv-sds.nl.

SDS League
Ferjitte jimme net hjoed of moarn de SDS League yn te leverjen?

Marco van Basten?
Juster fregen wy jimme de goeie namme fan Marco van Basten. Skelte wist ús al gau it goeie antwurd te mailen;
“Marco syn echte namme wie Marcel van Basten. En it ferhaal giet dat’r sa hyt omdat syn beppe Marcel net ut koe sprekke, dat se steed ‘massel’ sei en doe he se it feroare nei Marco”.
Groeten Skelte.
Der binne minsken dy ’t tinke dat Marco van Basten syn echte foarnamme Mark is. Dit komt om ’t yn de jieren 80 yn ‘e panini-albums Marco van Basten der inkelde kearen yn stie as Mark.
  Marcel van Basten.

Te lyts?
No ’t de problemen mei de ljochten op it fjild fan Wommels hast efter de rêch binne, stiet it folgende probleem foar de doar. It fjild yn Wommels wurdt te lyts. Juster waard 1/3 brûkt troch SDS 2 en 2/3 troch SDS 1. Hjirmei hie SDS 1 mar krekt genôch. Der wurdt sein dat SDS 2 folgende wike de warming-up rûn de fiifer dwaan sil, rekke sil gebeure op it keatslân, ynskoppe op ‘e tennisbaan, ôfronde kin krekt op 1/3 fan it fjild en dêrnei in lytse partij, want in grutte partij wurd him net mei 16 man op in lyts fjild. It sil ús benije wat de Skoalleseize hjir foar oplossing foar betinke sil.