He, snieman yn de sinne!

Ynstoartingsgefaar kantine
2 maart 2005
Snie-wepperkes
4 maart 2005

Winter op de Knipe
Anco Elgersma lit witte dat ek by harren de snie foar master op slacht. In moaie foto is it resultaat.

Winter op Swingoerd
De eardere opsichter fan Iepenbiere wurken fan de gemeente wennet op Swingoerd. Dat hie in foardiel: de strjitten waarden moai tiid skjin makke. No’t hy de VUT is kin it noch wol efkes duorje. De nije opsichter wennet earne oars.
 

It koe net útbliuwe…..
Wy hiene it wol ferwachte, mar der moast in snieman komme mei de SDS sjaal om. Rienk Wiersma hat wierskynlik mei de hiele famylje syn bêst dien. It resultaat is bêst genôch. Wy ferwachtsje noch folle mear sniemannen.(Mail se
hjir hinne)

Wat kinne wy noch ferwachtsje?
Net seure en klaaie oer dit protsje snie en dizze strange froast. It kin noch folle slimmer. Sjoch hjir.

Wêr is myn fyts?
Durk Okkema wist it seker. Hy hie syn fyts hjir delsetten.

Tongersdei wer frij?
Al dat snie , wêr moat je der meihinne? Fansels foar de doar fan Bogerman. Sterkte moarn Hans!. Wy hawwe begrepen dat de boufakkers Hans holpen hawwe. Yn it Friesch Dagblad stie in foto .

Freuleleane
Oars in rêstige strjitte, no in drokte fan belang. Frachtauto’s fêst yn de snie. Leanbesdriuw Okkema yn de persoan fan Germ Terpstra wiste er wol rie mei.

Hawwe jim noch mear leuke foto’s fan dizze winter, mail se ús.