Wepperkes -woansdei-

SDS League: Pieter Kamstra rint út!
10 november 2004
Futsalnijs (tongersdei)
10 november 2004

Wat bedoelt Robert?

Robert Sijbesma stuts de finger omheech tidens de wedstriid SDS-Zeerobben.Wy fregen ús ôf wat Robert bedoelde. Wy krigen wer in oantal leuke reaksjes binnen. Tige tank dêfoar.


Skelte Anema mailt ús:
Ik tink dat Robert reagearre op de oprop fan Hendrik dy’t syn tas kwyt wie.
Hij stekt syn finger op omdat hy de tas meinommen hat.

 

Hendrik Engbrenghof dy sjocht it sa:
Hij bepaalt hoe sterk de wyn is om ferfolgens sa mij san zak’kalkulator ût te rekkenjen hoe hurd hij skoppe mut om de bal perfekt op de latte te lizzen

 

Fan Jan Keuning heare wy gelokkich ek wer wat:
Robert sil al as net wat freegje wolle oan de skiedsrjochter

 

Ozzy hat ek in miening:

Ik tink dat hy pisje moat, Hy hat de knibbels al stiif tsjin elkoar.
Sa is’t op ‘e foto te sjen.
 

Anco Elgersma skriuwt ús:

ik tink dat Robert een kennis efter de achterline stean sjocht en efkes de tiid nimt dy te groetsjen, sosjaal man dat der is. Hy sjocht dat Hendrik en Feite harren wol rêde mei de tsjinstander…….

50 Gerard_cent skriuwt:
folgens mij is dit een nije en keurige manier om wat te freegjen oan de skiedsrjochter!!!

 

 Fan de iene fraach komt in oare fraach

Jan Keuning reagearde op ús fraach oer Robert. Mar hy stelde ek in fraach:

By it sjen fan dizze foto, sjit my in oar moment te binnen fan in âld SDS 1 spiler, destiids ek mei nr 11, dy’t net de han opstuts nei de skiedsrjochter om al as net tastimming te freegjen om efkes it fjild ferlitte te meien. Hy die it.
 
By in aksje skuorde syn broekje. Hij wie yn ‘e buert fan de hoekskopflagge en ticht bij it klaaihokje. Yn syn tas siet noch in oar geef swart broekje dat die hy oan
en soe wer it fjild yn. De skiedsrjochter hie yn it earstoan neat sjoen mar waard der opmerksum op makke. Hy die der nochal moeilijk oer, mar lang om let mocht de spiler der dochs wer yn.
 
1980 Kampioenswedstriid Delfstrahuizen – SDS
Namme spiler ..
 
Wa’t it wit kin ús maile: info@vv-sds.nl
 
Futsal
SDS1 spilet jûn in wichtige wedstriid yn de seal yn Easterein. Wat help fan supporters kinne se wol brûke. De nr lêst komt op besite en om dy dêr te hâlden is in oerwinning foar SDS wol nedich. om 21.00 oere. Komme dus.
 
Goeie spilers
Soms heare je fan oare klups ek leuke dingen. Sa gie Sneek 2  ferline jier nei Geel Wit 2 ta mei moai wat spilers dy’t yn feite by Sneek 1 hearden. Sneek 2 of 1 wûn en de Amelanders wiene net bliid.
Ferline wike moast Sneek 3 tsjin Geel Wit 2. Op Amelân hiene se de webside fan Sneek goed besjoen, hiene de foto útprinten fan Sneek 3 en kontrolearden oan de hân fan dy foto at it dizze kear wol snor siet. (en dat wie sa)