Futsal: SDS 2 wint nei thriller!!

Wepperkes -tiisdei-
1 mei 2006
Wepperkes -woansdei-
3 mei 2006

Hjir it ferslach mei de foto’s fan Gerard:


Moandeitejûn is SDS futsal 2 nei Hasselt ta setten om der in hiel wichtige wedstriid te spyljen tsjin ZVH út Hasselt. At de mannen (Dirk-Yde,Tsjipke, Jan-Simon,Tsjeerd en Tsjeerd, Feite en Skelte) hjir fan winne soenen betsjut dit dat se nûmer 1 wurde kinne. ZVH stiet no mei 5 punten mear(en in wedstryd mear) op nûmer 1. Bij winst foar SDS betsjut dit dat sy folgende wike winne moatte tsjin Old Forward út Vledder om kampioen te wurden.
 
Dit like allegear net te slagjen. Yn de earste minút stienen de jonges al mei 1 – 0 achter troch in beste aksje fan hun kant. Yn de 13e minút skoorden se sels al 2 – 0. Dit wie tevens de rêststân. Mei rust waarden dan ek al de blommen op helle, want de helden fan Hasselt sieten hast op roazen. Mar,ferjit net,SDS hat sich wol faker út de nêsten rêden. Nei 4 minuten kaam de oanslúttreffer al. Skelte makke de goal. In knappe aksje fan Dirk-yde smoarde yn de kiem. Mar flak dernei die der it al. Hij makke de lykmakker. In lange bal fan achteren makke hij behearst ôf. In giele kaart fan in ZVH spiler wie fataal. De mannen spilen mei in man minder en Tsjeerd Halbersma makke de 2 – 3. Mei noch 7 minuten te gean makke “the man who scores one time in the year” de 2 – 4 !!!!Tsjeerd Breeuwsma (ek wol—-> the Breeuw nommen.


By de rêst like it allegear noch hiel oars.
 

Nei ôfrin waard der noch in kâlde kletser dronken en noch in pear foto’s sketten.
As ôfsluter mocht eltse spiler noch syn emoasje úte. Dit mocht yn maksimaal 10 wurden of in sin fan 10 wurden. Hjir de reaksjes fan de spilers en Samme Overal. Pieter Kamstra wie ek mei, mar die wie blesseert. Hij moast dizze wike nei it sikehûs foar in nulle yn syn gruete tean.

De 10 woorden van:
Dirk-Yde – Undanks de matige start,toch de terjochte winst pakt.
Skelte – Euforie,geluk,blommen,winst,vrederiksoord,
bier,sfeer, breeuwsma,bus,trui.
Tsjipke – Kwam,zag en overwon
Ts. H – Der komt in moai feest oan,pine holle.
Feite – Lekker gebak,bedankt ZVH,folgend jier 6pnt SDS 1.
Jan-Simon – It smakket nei mear dan in glês bier.
Ts br. – Ik wacht op myn pen!!!dyn/myn/Sjaarda’s pen!!!
Samme – Mokka,bier,aardbeikwark,bal,smaak,
gerard,bakker.
Pieter – hmmmm,lêste slokje,we gean wer nei hús (Akke Rixt wie ûngerêst )
Gerard: Op de foto’s kin jo wol wat begripe werom de mannen dizze reaksje jûn ha. Ik soe sizze,  folgende wike SDS futsal 2 Kampioen. Kom allegear sjen!!!(datum is noch net bekend)

gr g.v.a.

De blommen leinen al klear.


Ek it gebak stie al klear.


Hjir wist De Breeuw wol rie mei. Hy hie wol in gebakje fertsjinne.


Hiel SDS 2 hie wol in gebakje fertsjinne.