Wepperkes -woansdei-

Futsal: SDS 2 wint nei thriller!!
2 mei 2006
Wepperkes -tongersdei-
3 mei 2006

E1 ferliest
SDS E1 hat woansdeitejûn ferlern fan WWS E1.
De einstân wie 0-7

E2 ferliest
SDS E2 hat woansdeitejûn de kânsen op it kampioenskip fersmiten. Mei 1-3 waard ferlern fan GAVC.

F3 ferliest
SDS F3 hat woansdeitejûn mei 1-3 ferlern fan Res F4.

F1 ferliest net
F1 hat woansdeitejûn net ferlern fan Nicator. Dat komt omdat de wedstryd net spile is.

De doar op slot
André Vink, fluite woansdeitejûn de wedstryd fan E1. Healwei de twadde helte waard syn fluitsjen fersteurd troch dat er immen lâns kaam om te sizzen dat André de doar net iepen litten hie. Wat wie it gefal? André is koster en hie it keamerkoar tasein dat hij de doar wol iepen litte soe, sadat sij oefenje koene.
It die bliken dat it net it gefal wie en André staakte de wedstryd efkes om de doar iepen te dwaan.

Theo Jansen ûnderskieden
Hij wie trainer fan SDS tusken 1965 en 1975. Hij is noch altiten tige belangstellend nei SDS: Theo Jansen út Molkwar is ûnderskieden mei in lintsje. Op syn list mei fertsjinsten stiet: “Naast zijn werk als zelfstandig bakker in Stavoren is hij van 1965 tot 1975 voetbaltrainer geweest in Oosterend” Sjoch
hjir foar de foto fan Jansen dy’t it lintsje opspjelde kiget.

Jûn
Woansdeitejûn binne der 4 jeugdwedstriden. E1, E2, F1 en F3 fuotbalje dan fanôf 18.00 oere.
De útslaggen kinne jim jûn om 9 oere sjen op dizze side. Better is fansels der efkes hinne te gean, dan witte jim de útslach al om 7 of 8 oere.