Freulewepperkes

Trainingswepperkes
9 augustus 2005
Wepperkes -tongersdei-
10 augustus 2005

SDS-ers yn de prizen
9 SDS-ers stiene der op de list. 4 dêrfan foelen yn de prizen. De prestaasjes op in rige

Itens
Foardat wy de kamera klear stean hiene, wie Itens der al ôf. Tom Houtsma en Peter Stuiver koene it net winne fan Holwert, de lettere winners.

Easterein
Easterein koe twa omlopen goed trochkomme.  Winne fan Achlum en Raard (sponsert troch Glas 80). Helaas moasten se yn de tredde omloop tsjin Wommels. It like hast wol in B1-reunie. Allinne Jelte Pieter Dijkstra pilet leger.
Tsjin Wommels kaam Easterein der net oan te pas

Oan de bruorren Dijkstra koene je wol sjen dat se wat mei Wommels hawwe

Sytse Kooistra makke syn plakje yn it foarperk goed skjin.

Easterlittens.
Feiko Broersma (B1) spile mei syn bruorke Grietzen en mei Knilles van der Brug. Sy kamen ta de heale finale. Sy knokten harren troch de list hinne en de wize wêrop sy Holwert partij joegen, levere grutte bewûndering op fan it publyk. In tredde priis wie it resultaat.

Wommels
In twadde priis op de Freule is fansels geweldich. Dochs oerhearste de teloarstelling nei ôfrin want Redmer, Douwe en Jelmer slaggen der net yn om it goeie nivo fan de hiele dei yn de finale ek sjen te litten. Holwert wie te goed. 

It stie him goed
It makket Jan de Jong neat út hokker jas hy oan hat. At dy mar grien is en wat te meitsjen hat mei keatsen. Twa wiken lyn by de Jongfeintenpartij en no by de Freule bij de line. 

Sjoerd
Sjoerd van Beem siet wer earste klas. Hielendal allinne op syn eigen tribune.