Weppers woansdei 31-3

Weppers tiisdei 30-3
29 maart 2010
Foeilelijke sjurts
31 maart 2010

Fuotballers yn bandsjes
Nije wike moandei is Aaipop yn Nijlân. Yn it ferline stie hjir noch wolris in SDS’er op it haadpoadium lykas Folkert-Rients Vellinga mei Sebeare. Kommende moandei stiet der ien âld-SDS’er op it poadium. Dit is Leo Smit(earder Wommels) mei deRoels. De ienige SDS’ers dy ’t yn in bandsje spylje binne neffens ús Klaas van de Weg (seal 2 en Why Not) en Gerrit Hingst (SDS 4 en ……..).
Foar itselde jild hie it sa west dat sommige SDS’ers net fuotballe hienen, mar yn in band spilen. Sy hawwe it úterlik der hielendal foar lykas dizze Ingelse fuotballers(klik
hjir).
Moarn kinne jim hjir wat SDS’ers besjen dy ’t like goed yn in bandsje sitte koenen.

Wol trainen!
Vanavond kan ik helaas geen training geven aan de dames!
Ik heb nog geen vervanger kunnen regelen. 
Wie zou een keertje de dames willen trainen? 
Van 20.00 uur tot 21.00 uur!
Groet Johan Delfsma
*Remco neemt vanavond de training over!
Bedankt Remco.
Groet Johan Delfsma

Ynhelje
Bij de KNVB hawwe se wat it fuotbal fan SDS 5 betreft fluch reageard. De lêste twa wedstriden wêrbij de tsjinstanner ôfsein hat binne op nij fêststeld. Troch de wike fansels.
woansdei 21-4: SDS 1 – Ouwesyl 3 om 19.00 oere
tiisdei 27-4:Leeuwarder Zwaluwen 11 – SDS 5  om 19.00 oere.


Regiorokjestoernoai VV Oosterlittens
Foar de fuotbalfroulju is der op snein 9 maaie in alderaardichst 7-tsjin 7-fuotbaltoernoai yn Easterlittens ter ere fan it 75-jierrich jubileum fan VV Oosterlittens. Foar de fuotbalmanlju is it fêst de muoite wurdich om de froulju no ris fuotbaljen te sjen. op sneon is it meastentiids oarsom.


De SDS-famkes
Jûn om 19.00 spylje de famkes fan SDS D4M harren ynhelwedstryd thús tsjin Leeuwarden D5M. De muoite wurdich tochten wy om efkes yn Easterein te sjen.

Sealfuotballe?
Wy binne benijd wat de sealfuotballers fan SDS 2 juster dien hawwe. Sy hienen der net op rekkene justerjûn sealfuotballe te moatten oan ’t sy it justermiddei let op de webside seagen dat sy nei Boalsert moasten. Wy binne benijd as it allegear wat slagge is.

Ajax-kwis
Foar de leafhawwers fan kwissen
hjir in prachtige Ajax-kwis. Mochten je neat mei de priis kinne dan kinne je dy altiten ynleverje by dy webmaster dy ’t waarme gefoelens hat foar de klup út Amsterdam. De kwis is al dreech, want hy kaam sels de earste kear net fierder as 666(…) punten.

Kaatspartuur
Jacob-Klaas Haitsma lit ús witte dat de webside
www.kaatspartuur.nl yn de loft is.


Foeilelijke sjurts (13)
Op ‘e nij in sjurt út de jierren 90. Dit is it sjurt fan Birmingham City út it seizoen 1992-93. Gean der mar efkes rêstich by
sitten. Aaaaaaaaaaahhhhhhhhhh:


Wat in prachtich bypassend broekje……..
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (178)
De keeper sil it fêst net op priis steld hawwe dat dizze spits tot oan ’t it lêst foar de goal syn kop derby hâldt: