Festivalterrein

Ferslaggen sneon 21-2
22 februari 2015
Weppers moandei 23-2
23 februari 2015

B-fjild

De wedstriid Nijland 1 – SDS 1 waard juster op it B-fjild spile. Dat hie de konsul besluten. Wij moasten dan ek lâns in prima eagjende haadfjild troch talrike wetterpuozzen nei it B- fjild.

No wie op twitter al oankundige dat it dêr om it fjild hinne in wiete boel wie en dat oanpast skoeisel net ferkeard wêze soe.

En sa sopten de supporters nei harren fêste plakje lâns it stek en prottelen al gau oer kâlde fuotten en smoarge skuon.  Op it lêste stikje tegelpaad nei it fjild ta, stiene de hearen fan fatsoen, sij wiene der net op klaaid of woene it wol wêze dat se leaver skjin bleaunen.

Ien man fielde him lykwols as in fisk yn it wetter. Dat wie foarsitter Willem Wijnia fan SDS.

Ik fertink Nijland der sels fan dat yn it kader fan de freonskipsbannen it allegear sa betocht is om op it B fjild te spyljen. Neat gjin “burenruzie”, wat sille wij no ha?

Want hoe kinne je de foarsitter fan SDS lokkiger meitsje as in middei  op swarte festival kistjes op in wiet terrein in heale fjouwer kante meter fan grien nei swart meitsje litte.

No ja, miskien noch wat punk derbij?