Weppers moandei 23-2

Festivalterrein
22 februari 2015
Erwin Zeinstra 13 maart op SDS-sponserjûn!
23 februari 2015

Krokuscup
Kommende woansdei is de earste Krokuskup op it MFT yn Easterein. SDS D spilers sille stride yn 4 tsjin 4 wedstriden mei in plofbal. It begjint om 13.30 oere.

Sponserjûn SDS
Op freed 13 maart is der in spesjale sponserjûn foar stipers, Freonen fan SDS en leden fan it OVWE. Ús spesjale gast meitsje wy hjir jûn op de webside bekend.

Foto’s Nijland 1 – SDS 1
Henk Bootsma hat ôfrûne sneon wer kreaze plaatsjes sjitten by Nijland 1 – SDS 1. Jim kinne se
hjir fine.

Jaap tinkt in bal fan Tsjipke krekt út de goal
Foto Henk Bootsma


Dreech
As nije foarsitter komme je foar sitewaasjes te stean dy ’t net beskreaun binne. Sa binne je nei in útwedstryd fan SDS 1 wolkom yn de bestjoerskeamer fan de thúsklup, mar is de kofje op. Ek moast de frou fan de foarsitter passe op de lytse poppe fan de keeper fan SDS 1.
Yn beide gefallen neat mis mei trouens.

Delfstra….
Sneon gie Defstrahuizen 1 – WPB 1 net troch y.f.m. it minne fjild. Der wie net allinnich folle wetter fallen, mar sy hawwe dêr ek lêst fan mûzen. Heechstwierskynlik Delfstramûzen…

Programma sneon
Foar kommende sneon kinne jim it programma
hjir sjen. SDS 1 spilet dan eindelik wer in thúswedstriid tsjin Workum 1.

Harsens derby (1440)
Wat ús oanbelanget de moaiste aksje fan it wykein. Moaie bykomstichheid wie fansels dat Mahi net skoorde……….