Ferslaggen 5-9

Weppers freed 4-9
3 september 2015
SDS League: Doch ek mei!
6 september 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!
  

    útslach
09:30 Minileague – Minileague  ôflast
10:30 SDS VR1 – FVC VR2  ôflast
12:30 SDS 4 – S.C. Stiens 6  ôflast
14:30 SDS 2 – Mulier 2  ôflast
08:45 ONS Boso Sneek MC1 – SDS MC1  2-5
09:00 ONS Boso Sneek F1 – SDS F1  ôflast
09:50 Zeerobben E2 – SDS E1  5-2
10:30 Franeker SC C2 – SDS C1  2-3
10:30 Franeker SC D2 – SDS D1  1-1
12:00 Frisia A2 – SDS A1  1-3
14:30 QVC 1 – SDS 1  2-1
14:30 Balk 4 – SDS 3  1-1

QVC 1 – SDS 1
Fia Twitter hawwe wy fernaam dat SDS 1 mei 2-1 ferlern hat by QVC 1. SDS kaam nei in kertier efter troch in goal út in frije traap. Nei de rêst mocht SDS it tsjin de wyn yn probearje. Nei in kertier yn de twadde helte waard it 2-0 foar QVC en krige in spiler fan SDS (??) in reade kaart foar neitraapjen. In kertier foar tiid mist SDS in penalty, mar yn de 80e minút wurdt it dochs noch 2-1 (Dirk Yde Sjaarda). Hjir bleaun it by.


Snein hong dizze tekst bij immen foar it rút. Wij ha gjin idee bij wa en fan wa’t wij de foto krigen ha, witte wij ek net. Wij tinke dat it mei QVC-SDS te meitsjen hat.

Frisia A2 – SDS A1
Soms gean dingen oars dan as je graach wolle. Lokkich makke dit hjoed foar it eindresultaat net in bal út. Sa joech de leider oan dat we mooi op it echte gers fan it haadfjield oantrede moasten. De noaske linekalker mei syn supersonische karke snapte dat net en it makke him ek neat út: SDS moast oan e kant foar syn witte goud, wol of net midden in in ôfrondsessie! Rjochtlienich neamt men dat! Afijn, op it bord stie gewoan dat we dochs op it keunstgers spielje moasten, dus mar ferhúsje. In pittiche start fan Frisia, mei in soart balbesit. Wy kammen in kear op en Gerwin skeat inienen op e peal. It wie in warskoching. SDS kaam yn it ritme en de kombinaties folchen mekoar gau op. Habtamu iepene de score. Klasse. Almar fuorre syn taak goed út troch mei de skuonnen op it kryt breed te bliuwen en op it âfmjitten momint de bal op te easkjen en fantastysk te skoarren. Doe kaam Frank ien op ien mei de wat slungeléftiche keeper, mar rakke perfekt de peal. Mei de tee kaam der mear druk út Ljouwert. It soarge foar in tsjingoal. Lokkich wie Lourens skerp en skeat de bal binnen mei in rush. Lekkere oerwinning en opnij de hiele foarhoede die skoart troch it slimme wurk fan middenfjield en êfterhoede. Gjin kaarten? Ja, no komme we wer op myn earste sin. De lieder, ek wol skieds yn Easterein, waard nei de tribune stjoerd. Klep tefolle iepen. Net sa moai! Man of the match ( we hâlde der net fan, mar hjoed moatte we die titel wol útdiele) wie Martijn!

Tjerk ( krekt: lieder en soms skeids yn Easterein…)


SC Franeker C2 – SDS C1   2  –  3
Nei de minne resultaten fan de ofrune wiken en de off day fan forige wike, hiene we fansels hjoed wat goed te meitsjen yn de 1e kompetysjewedstriid tsjin Frentsjer. Freed krigen we fan trije jongens bericht dat se net koene spylje troch blessures. Mei 12 fitte spylers en 1 geblesseerde (Merijn) giene we rjochting Frentsjer. Fuort die bliken dat Frentsjer beslist net in wunderploeg wie en mei nammen de keeper wie net al te betrouwbar. De oanfal wurde fuortendaliks ynsetten en der kamen in pear beste kansen, mar de mannen fergeaten te scoren. By de earste de beste oanfal fan Frentsjer wie it wol fuort raak, al siet oan dizze goal noch in butenspul luchtje. Sa as wol faker wiene wy it spoar efkes bjuster. Mar Mark, us keeper, wie goed by de les en hie in pear beste reddingen. Mar mei alle respekt foar Frentsjer, dizze wedstriid koene en mochten we net ferlieze. Dochs bliuwde it spul fan SDS under de maat, mei sa no en dan in goeie oanfal. De opluchting wie dan ek grut doe Steven de 1-1 binnen tikke nei in skot fan Stan op ‘e peal. SDS de bettere ploeg mei it measte balbesit, mar sa no en dan kaam Frentsjer der gefaarlik ut. Foar rest wie it Sander die mei in prachtig skot de fertsjinne 1 – 2 op it skoardeboerd sette. Nei rest kamen we op 1 – 3 troch in goal fan Stan, nei in flater fan de keeper. Der kamen kansen op 1 – 4, mar de bal woe der mar net yn. Mark stie hjoed hiel goed te keepen, mar koe 1 minut foar tiid net foarkomme dat Frentsjer de 2 – 3 makke. At je dan utspylje, witte je dat de blessure-tiid wolris hiel lang duorje kin. Sa ek no, want fiif minuten letter as gebrukelik fluitte de skiedsrjochter foar it einde fan de wedstriid. Minpuntsje wie it gedrag fan de lieder fan Frentsjer en in alder rjochting de jonge skiedsrjochter. Ik bin bang dat dizze prima fluitende skiedsrjochter no net mear fluitsje wol.                                   Foar us is der noch in protte wurk te fersetten op de trainingen. Nije wike spylje we thus tsjin HHO ut Heech, Hommerts en Oudegea. It sil better moatte om dan ek wer trije punten te pakken.
Theo.


Balk 4 – SDS 3
Tsjin in sterk Balk koe SDS 3 ûndanks in bult ôfwezigen dochs in puntsje pakke. Jurjen Eringa soarge knap foar de SDS-goal.

B1
B1 is wat efterop rekke mei de bekerwedstriden en nei wat hinne en wer gesko moatte se moarn om 14.30 balje tsjin YVC/Blauwhuis B1 en nije wike woansdei tsjin Scharnegoutum B1. Beide wedstriden binne út.

Efkes Balje
Juster ferlear Nederlân fan Iislân en hjoed mear as 30 millimeter reinwetter yn Wommels. Beide feiten leveren twa fragen op. Ien, hoe kin it dat immen dy’t der foar leard hat sa’n minne opstelling makket en sa min wikselt en wêr binne dy 30  millimeter bleaun.
Der wie freedtejûn ek wol tiid om wat antwurden te sykjen want de striid moast sa no en dan efkes ûnderbrutsen wurde om út te hymjen en bij te kommen.
Want trije tsjin trije is in oangelegenheid dy’t nochal gau wurchens mei him meibringt.
No wiene dit net de minsten dy’t it moaie fuotbalwaar trotsearden. Remcoson, Ferrieson en Tjerkson mochten op eigen fersyk sûnder hesje (sij woene net assosjeard wurde mei Oranje) en Harrie, Wouter en Aant wiene ree om yn it Oranje op te treden. En om net út de toan te fallen, ferlearen de Oranjedragers. Dat wylst de opstelling goed wie, der net wiksele waard en dat dus foutleas wie. Mar de “sonnen” wiene iets better.
It antwurd op de fraach wêr’t de  30 millimeter bleaun is, wie maklik te beantwurdzjen. De ôfwettering is dêr superdeluks. Der lei net in plasse op.
Nije wike noch in kear Wommels en dan geane wij wer foar in folle kuip yn de arena.
Aant