Weppers freed 4-9

Seleksjes sneon 5-9
3 september 2015
Ferslaggen 5-9
3 september 2015

Efkes Balje
Ek no wer yn Wommels om 19.30 oere.

Opbrutsen
De dyk tusken Wommels en Easterein leit der sneon ek noch út. Dat betsjut foar tsjinstanners omride (troch de prachtige Súdhoeke of troch it rustike Hinnaard ) en foar Wommelsers betsjut it gewoan fytse…..

Programma
It programma fan sneon sjocht er
sa út. It binne meast de earste kompetysjewedstriden mar foar F1, E1 en D1 binne it noch bekerwedstriden.

Fuotbalje
De seleksjes foar moarn binne bekend, mar it is allegear noch tige krap. In soad lju binne noch mei fakansje en hawwe oare droktes. Binne der noch lju dy ’t net by in seleksje stean, mar wol graach bolje wolle, nim dan kontakt op mei Harm-Auke Dijkstra of Arjan Hallema.

Triatlon
Jûn binne der meardere SDS jeugdleden aktyf yn it wetter, op de fyts en mei draafskuon oan. De 1/32 of 1/16 triatlon is om 19.00 oere bij it swimbad yn Wommels. It is de muoite wurdich om dy jonge atleten efkes te sjen. De tagong is fergees.
Sneon is 1/8 en 1/4 triatlon. Dêr dogge ek wat
SDS-ers l oan mei, mar dy sille it wol ôflizze moatte tsjin in oantal topatleten út ús provinsje.
It fytsparkoers rint ek troch Easterein.

Harsens derby (1587)
Hooplik is it waar moarn wat better as hjoed…….

Letter mear