Ferslagen 14-10-2006

Wepperkes -sneon-
13 oktober 2006
Wepperkes -snein-
14 oktober 2006

Mei help fan ferskate emailers wiene alles útslaggen wer op moai op tiid binnen. En omdat wij moai op tiid út de kantine wiene, stiet alles der wer foar sneontejûn op.
At er noch bysûnderheden binne of jim wolle de doelpuntenmakker trochjaan dan kinne jim maile nei
dit adres.

    utslach
14:30 SDS 1 (zat) – QVC 1 (zat)  3-0
12:15 SDS 3  – Leeuwarder Zwaluwen 5  7-1
12:45 SDS 5 (zat) – Franeker SC 5 (zat)  2-2
10:30 SDS C1 – Frisia C2  0-8
9:00 SDS E3 – Frisia E8  1-2
9:00 SDS E4 – Scharnegoutum’70 E3  13-0
10:00 SDS F1 – Flevo Boys F3  6-3
10:00 SDS F3 – LSC 1890 F8  10-0
12:30 Olympia’28 2 (zat) – SDS 2 (zat)  1-1
14:30 GAVC 1 (zat) – SDS 6 (zat)  2-0
10:30 Nijland A1 – SDS A1  2-7
10:30 NOK B1 – SDS B1  4-1
12:00 Frisia B3 – SDS B2  4-2
9:00 Scharnegoutum’70 D1 – SDS D1  0-3
9:00 Leeuwarden D3 – SDS D2  1-11
10:00 Foarut E1 – SDS E1  1-4
9:00 JV Bolsward E2 – SDS E2  3-1
10:00 Workum F3 – SDS F2  0-9
11:00 Makkum F4 – SDS F4  2-1

Bij de wedstriden

SDS 1 – QVC 1 3-0
SDS hie it yn de earste helte dreech mei de fel storende Starumers. Beide partijen krigen mooglikheden. Yn de twadde helte wie it binne 10 minuten beslikke.
Doelpunten: Tsjalling Sikma(2x) en Dirk-Yde Sjaarda.
Foto’s binne der te besjen op de webside fan JRF(klik
hjir) en op Mijn Album fan Henk Bootsma

Olympia ’28 2 – SDS 2 1-1
Tsjin de nûmer 2 Olympia pakte SDS 2 in fertsjinstlik puntsje. Neffens de kenners hie der sels mear yn sitten.
It doelpunt fan SDS 2 waard makke troch Robert Sybesma.

SDS 3 – Leeuwarder Zwaluwen 5     7-1
It giet best mei SDS 3. Ek no skoorden se wer maklik. Anco Elgersma, Dirk de Jong , Albert Jan Joustra en Jentsje Jorritsma skoorden 1 kear. Wichard Deinum skoorde 3 kear.

SDS 5 – Franeker 5   2-2
Alle tongersdeis wurdt er op traind: Jong tsjin âld. No moast it yn de praktyk brocht wurde. It oantal doelripe kânsen foar SDS âld wie grut. Dochs kaam de ploech net fierder as 2-2. Ids Boersma en Marco Hoekstra skoorden. It wie it earste doelpunt fan Marco yn 6 jier(?).
Neffens de fiifde kolonne (Daan Boersma) hellet Klaas Okkema de kryst wol as koach.

GAVC 1 – SDS 6      2-0
Positive berjocht: SDS 6 skoorde net yn eigen doel. It waard lykwols wol in ferliespartij. Korné Boekholt (A1) kearde in prima partij.

Nijland A1 – SDS A1 2-7
SDS A1 kaam efter mar luts de partij goed nei him ta. Bouke skoorde hast, Jelmer trof 4 kear it net en Feiko makke der 3.
De reade kaart foar Vitor wie in smet op it “feessie”. Hjiroer letter mear.

NOK B1 – SDS B1 4-1
SDS B1 wie hjoed op besite by NOK.
In fysike striid waard útfjochten en wûn troch NOK.
De skiedsrjochter die it reedlik mar wie op dizze 2 ploegen net alhiel taret. We steane mei rêst efter mei 2-0. NOK spilet de lange bal as is der hyl snel út mei 2 snelle spitsen. Hja meitsje fan eltse kâns in goal. Fuotbaljend binne wy better mar we skoare net.
De twadde helte in ûnterjochte penalty tsjin en dan noch in goal, 4-0. We rêde de ear mei in doelpunt fan Jacob nei at Wytse op de latte kopte.
We winskje Johan Postma betterskip. Hy foel út mei in blessuer oan de ankel.

Doede Kooistra wie der net hjoed. Blessuer oan de ljisk.

Germ Sieperda moast ferplicht fan skoalle mei in útwikselingsstudent op paad.

It wie in Tsjech. Hja hienen better mei ús nei it fuotbaljen kinnen. En dat woe Germ ek wol graach, lykas wy.
Groetnis, Klaas
(klik hjir foar it folledige ferslach)


Scharnegoutum D1-SDS D1 0-3

Skearnegoutum. Hjoed moasten wy tsjin de nummer twa yn e kompetysje. Wy steane op it fjirde plak. It waar wie prima. Nei in muoisume start fan dizze wedstriid, bepaalde Skearnegoutum earst it spul.

Wy krigen it spul in de earste helte langsum ûnder kontrôle en koene hieltyd better oanfalle. Mei in stân fan 0-0 mei de rest koe it spul alle kanten noch út.

In de twadde helte koe It Reidhintsje, sa as syn maten him neame, al frij snel skoare. Dit as gefolch fan prima kombinaasjespul fan de mannen.

Skearnegoutum koe fanôf dat momint net mear in it spul komme. It wie wer ús Reidhintsje die de stân op 0-2 sette mei in pracht fan in goal. Ek it tredde doelpunt kaam foar syn rekken.

Jan Friso hat mei syn mannen poerbêst spile, de oerwinning wie ek dik fertsjinne. De kompliminten wiene der fan de lieding en Us Reidhinsje wie Fûgel fan de Match.

Dit past ek goed bei de mannen want Jan Friso fiert mei de fûgelwacht hjoed it 60 ierige bestean fan de klup.

Syn dei bestiet fierder út snoekfiskje, ielrikje en shantys sjonge.

In Reidhin hat it der mar drok mei……

It Reidhintsje (Jan Friso) makket in hattrick.

SDS D1spile een pracht wedstriid.

Leeuwarden D3 – SDS D2 1-11
Vandaag moest er gespeeld worden op het sportpark van Cambuur tegen Leeuwarden D3.
SDS D2 staat op een mooie tweede stek in de ranglijst met 10 pnt uit 5 wedstrijden.
Leeuwarden stond op de 7e plaats en normaal gesproken zou er vandaag gewonnen moeten worden.
Vanaf het fluitsignaal bleek dat de Leeuwarders daar anders over dachten en gingen vrijwel direct in de aanval. De eerste paar aanvallen resulteerden niet in een score, echter in ongeveer de vijfde minuut wisten onze tegenstanders de 1-0 aan te tekenen.
Nu was ook SDS wakker en begonnen langzaam het betere spel te krijgen, al vrij snel werd de 1-1 gemaakt en toen werd SDS echt de betere ploeg. Na een voorzet van Gosse was het echter een Leeuwarder been die de 1-2 op het scorebord liet komen. Het ijs was gebroken en SDS combineerde er zo nu en dan lustig op los. Hierdoor werd de limonade opgezocht met een riante 1-5 voorsprong. Nog wat technische aanwijzingen van Klaas en de tweede helft kon los. Vaak is het dat D2 na de rust eerst weer helemaal in het spel moet komen, zo ook nu. Na een paar aanvallen van de Leeuwarders, die niet in een score werden omgezet, was SDS weer klaar wakker en scoorde rustig door.
Toen de scheids voor de laatste keer floot stond de uitslag vast: 1 — 11
Doelpunten van: Joost 4x, Allert 3x, Klaas Bouke 2x, Job 1x en een eigen doelpunt van de tegenpartij.

Johan

SDS E4 – Scharnegoutum E3      13-0
SDS E4 is net hâlden dit seizoen. Al wer in oerwinning mei mear as tsjin doelpunten. De hiele ploech fuotballe prima en Wiebe Heeres (hjir ûnder op archyffoto)skoorde 10 kear.


SDS F3 – LSC F7  10 – 0
Slaperige koppen, fluitende oren van het boekenbal in de Igge, trage passen in het veld, paal, naast, lat en uiteindelijk ook nog tien goals.
De generale voor de absolute topper van 28 october was een wedstrijd om snel te vergeten. Waar die tien goals vandaan kwamen is eigenlijk nog een raadsel.
Hoogtepunt was de keeperswissel halverwege de tweede helft. Roan verveelde zich na nul balcontacten in 12 minuten. Jan wilde het wel overnemen.
Tijdens de shirtwissel stormde opeens wel heel LSC op het SDS doel af. De mannetjes stonden in hun hemd, keken elkaar eens aan en …..waren blij dat Jos uiteindelijk, als een soort Willy van de Kerkhof, de bal weg stofzuigerde. Scheidsrechter André wees vervolgens terecht de leider terecht. De keeper is een bepalende speler en mag niet zonder toestemming van de scheidsrechter gewisseld worden. “Zelfs niet in de F’jes,” voegde hij daar bestraffend aan toe…  Weer wat geleerd.
Scores: Idsert twee, Tjerk één, Jan één en Piter zes(staat nu gemiddeld precies op vijf per wedstrijd).
Tjerk