Wepperkes -snein-

Ferslagen 14-10-2006
13 oktober 2006
Wepperkes -moandei-
16 oktober 2006

Wol bliid

As in Efke sa bliid wie Marco Hoekstra sneon. Hij mocht in healoerke meidwaan mei SDS 5 en skoorde de lykmakker. En syn lêste doelpunt wie al 6 jier lyn. De A-spilers wiene grutsk op harren trainer.

Net bliid

Ype Bouwbedrijf Burggraaff Lollum moast flink oan de bak tsjin de twintigers fan Franeker 5. Nei in kertier yn de twadde helte die alles him sear en kaam hij nei de kant.

Wol bliid
Trainer Marcel Frankena seach syn ploech sneon yn de twadde helte nei in 3-0 oerwinning fuotbaljen. It lêste kertier hie der dan ek wol efkes tiid foar in oare hobby:
de bal heech hâlde.

Echt?
Dirk Yde Sjaarda hie it betiden efkes dreech. Yn de earste helte siet hij suver efkes te bekommen yn it fjild. De skeids fûn dat in moai momint om te fielen at it
Robbie Williams kapsel echt wie.

Wol bliid
Klaas Molenmaker wie ek út de skroeven. Hij hat syn skuon wer út de wylgen helle en stiet wer yn it fjild bij SDS 5.

Op sloffen
SDS 1 en SDS 3 wûnen sneon op sloffen. Soe dat komme omdat se freed efkes mei de frou nei Resi woonsintrum west hiene en mei
in pear  sloffen thúskamen yn ferbân mei de iepening?

Nagels knippe
Arjan Posthumus hat op ‘e nij lêst fan in yngroeide teannagel. De dokter freget him ôf as it miskien dochs komt troch it ferkeard knippen fan de teannagels. Arjan seid syn nagels sa al 20 jier te knippen en net wit wat hy no oars dwaan moat. Wa kin Arjan helpe? Mail nei info@vv-sds.nl!