Wepperkes -sneon-

Seleksjes -sneon-
13 oktober 2006
Ferslagen 14-10-2006
13 oktober 2006

Fuotbalkenniskwis
Al wer foar de fjirde kear wurdt er troch Freddy en Aant in fuotbalkenniskwis yn elkoar setten. Yn dizze kwis wurdt striden om de titel “
fuotbalprofessor fan SDS” 2007.
Der kinne 9 dielnimmers meidwaan en wij roppe belangstellenden  op om jim no gelyk op te jaan bij Aant.
Der komme trije foarronden en wol op 16 novimber, 30 novimber en 14 desimber. Op alle jûnen kinne trije dielnimmers meidwaan. De trije winners fan de ferskillende jûnen geane nei de grutte finale wêrfan de datum noch net bekind is.

De opset fan de kwis wurdt oars en ien fan de ronden is dat je  in spesjaliteit opjaan moatte.
Om de saak goed ta te rissen is it wichtich dat jim sa gau mooglik trochjouwe dat jim meidogge. En fansels hoopje wij dat er wat nije kandidaten bij binne.

Earste twa kandidaten
De earste twa kandidaten hawwe harren al meld. Willem Wijnia wol syn titel graach ferdigenje en ek hij moat meidwaan om de finale te heljen (dit yn tsjinstelling ta ferline jier) en Jildert Hylkema sil syn debút meitsje.

Frije sneon
Nije wike sneon is der mar in lyts KNVB programma. Dochs is der wol te dwaan op it sportpark yn Easterein.
De A en B junioren dy oefenje meielkoar om 12.30. Dus net tsjinelkoar.

Meinte Sixma toernooi
Al wer foar de safolste kear wurdt nije wike sneon it Meinte Sixmatoernooi holden foar D, E en F junioren. Dat begjint om 9.30 oere en is om 12.30 oere ôfrûn.

Net yn askje
Wij seagen dizze wike
Sicco Scheltema mei in earm yn de doek rinnen. Hij hat ferline wike in bal wol hiel ûngelokkich tsjin syn hân oankrigen. Mei in goeie wike sil men sjen at it oanbettere is.

Harsens derby(2)!
Foar ús rubryk “harsens derby” hawwe wy wer in moaien fûn(klik hjir).