Ferslach ferlies SDS 1 futsal

SDS A1 siket lieder/grinsrjochter
5 november 2003
Opstellingen en oare nijtsjes
7 november 2003

 SDS hat ferlern fan Ens mei 4-6

SDS 1 seal leit út de beker. De wedstriid tsjin Ens ferlearen sy mei 6-4. Sy kamen noch wol mei 2-0 foar. Jeroen Brouwer en Skelte Anema wienen it die ‘t skoorden. Skelte die dit doe hy noch gjin minút yn it fjild stie. SDS bleau oanfallen en liet hjirtroch efteryn stekjes falle. By rêst wie it 3-2 foar Ens.

SDS gie op syk nei de lykmakker. De oanfallen fan SDS wienen net flitsend genôch om Ens yn ‘e problemen te bringen. Neidat it 4-2 waard foar Ens makke Skelte noch de 4-3. Ek mei in man mear koe SDS neat útrjochtsje neidat in spiler fan Ens in giele kaart krigen hie. Ens makke der sels noch 6-3 fan. Jan Simon Jelsma makke yn ‘e lêste minút de 6-4.

SDS ferlear terjochte fan in goed fuotbaljend Ens. SDS like wol frede te hawwen mei de nederlaach. De hiele wedstriid koenen sy net ymponearje. Hooplik sil it folgende wike woansdei wat better wêze yn ‘e topper tsjin Urk. Feite de Haan docht dan mooglik ek wer mei. Hy die no net mei y.f.m. rêchklachten. Tsipke Okkema is noch blesseare oan ‘e tean.

Doelpunten:
Jeroen 1
Skelte 2
Jan Simon 1