Ferkearde berjochtjouwing

Jappie en Egbert nimme ôfskie
7 juni 2003
SDS 3 net yn ‘e Treffer?
10 juni 2003

Yn de lêste Treffer stiet in artikel oer it mooglik oergean fan Ype Tiemersma fan SDS 5 nei Cambuur 1. Yn dat artikel wurdt ek it berjocht dien dat de oergong net trochgien is, omdat de talintfolle spits it lisfytsen net ûnder de knibbel krije koe.

Dit berjocht wurdt mei klam tsjinsprutsen troch de direkteur fan Cambuur. “Soks soe foar ús gjin reden wêze it kontrakt net tekenje te litten”

Wat wie dan wol de reden neffens de direkteur fan Cambuur?

“By Heerenveen moatte spilers it Fryske folsliet meimurmelje kinne. By Cambuur moat men “ït Woanskip” út folle boarst meisjonge kinne. En dat slagge Ype net. Hy foel, ûndanks de musikale begelieding fan 6 korpsen hieltyd werom op de tekst en de wize fan “Een klomp met een zeiltje” fan Wilma.”