SDS 3 net yn ‘e Treffer?

Ferkearde berjochtjouwing
8 juni 2003
Kompetysje-yndieling SDS 1 seal
16 juni 2003

In soad reaksjes krigen wy op ‘e nije Treffer. Foaral dat der neat ynstie oer SDS 3. Wy probearje dat hjirmei goed te meitsjen.

SDS 3 Hoera hoera

 

SDS 3 – Mulier 2                 10 – 05 – 03

 

Op in wurklik wier prachtige foarjiersdei moasten wy it opnimme tsjin Mulier 2. De hinne-wedstriid wie eindige yn in lykspul en dat stie us doe mar min oan, om’t we der sels skuldig oan wiene.

Lieder Lieuwe goochele de folgjende opstelling ut syn blonde hasses:

 

 

Sjoerd

 

Pieter

Tsjeerd/Jeroen

Ronny

Aant

Wouter/Ids

Lieuwe

 

Frans/Friso

 

Wiksel: ‘Bruce Grobbelaar’ Tanja.

 

Oanmerkingen:

– Marco, Jentsje en Remco, blesseare.

– Sipke hat de leiding op in keatslan.

– Lieuwe B, tsja wer wie die keardel eins?

– Anco, itselde ferhaal as by Lieuwe B.

– Pieter L, oan it wurk by Okkema, dat krije mei dat moaie waar.

– Peter, wer better en oandachtig taskoger!

– Jan, mei it twadde mei.

– Hampie is oan it tennisjen.

– Ronny en Jeroen fan it twadde,  Pieter en Tanja fan it fjirde en Aant en Ids fan it fiifde, woene us wol efen ut de bran helpe, tige tank hjirfoar.

 

Wy kamen goed ut de startblokken, sieten der fel op, wunen duels en wiene ek noch yn steat om it baltsje yn in strak tempo oer it fjild gean te litten. Ek Mulier prebearre mei fersoargd fuotbal de wei nei us net te fynen, mar de ferdiegening, under lieding fan Tsjeerd, stie as in hus. Foaral it deeglike spul fan Pieter (die’t tsjinoer in wetterflug mantsje stie) foel op.

Nei in goed kertier wie it Frans-Pieter die’t  de skoare iepene, nei in male aksje fanof de sechtsjin krulde hy de bal yn de fierste hoeke, de keeper wie kansleas;

1 – 0.

Hjirnei itselde wedstriidbyld, der waardt hurd mar fair striiden fan beide kanten, ek waard dudlik dat Mulier net fan plan wie samar belies te jaan, de mannen hiene noch in lyts kanske op it earste plakje…

Krekt foar rest barde der in ungemakje wer troch Jeroen it hiele universum foar de eagen krige yn stee fan fjild B op de skoalleseize. Hy waard fan tichtby sketten troch in krekt offjurre bal…

Dit hie ta gefolch dat Grobbelaar der noch foar rest yn moast en dit die er dan ek.

Nei rest kamen we iets mear under druk fan Mulier, mar benammen troch hurd wurkjen, belefenig en de hasses derby koene we de lytse foarsprong oant it leste fluitsje fan de soeverein liedende skiedsrjochters Enne en Stoffel behalde.

In moaie oerwinning yn de leste thuswedstriid fan dit grillige jier!

 

 

Ljouwerter Sweltsjes – SDS 3          

17 – 05 – 03

 

De leste wedstriid fan it seizoen, tsjin de nummer lest en ek noch ris de leste wedstriid fan Sipke yn it tredde.

Sipke giet takomme jier nei it fiifde, mar bliuwt lokkich genoch al beskikber foar ynfalbeurten en die sille wy, sjoen it ofrune seizoen, seker nedich hawwe!

 

Opstelling:

 

Sjoerd

 

Lieuwe B

Tsjeerd/Sipke

Ronny

Friso

Jan / Jos

Lieuwe M

 

Frans/Dennis

 

Wiksels:

Anco en Wouter, kamen nei rest foar Lieuwe M en Frans.

 

Opmerkingen:

– Jentsje, Remco en Marco; blesseare.

– Peter is him oan it foarbereiden foar takomme seizoen.

– Pieter L is oan it wurk.

– Hampie is oan it tennisjen.

– Jan docht ek wer ris mei us mei.

– Ronny en Jos komme fan it twadde.

– Dennis ballet yn alle seniore alfetallen.

 

Yn in prachtig ambiance op sportpark Nylan te Ljouwert untfouwde him in wedstriid weryn’t it tempo best heech lei.

Dit hie ta risultaat dat de linies oan beide kanten wolris wat te fier ut inoar leine en dat soarche dan wer foar wat slordig balferlies.

Fierders wie it fan beide kanten frij sportyf, utsein in lyts barren werby’t Jan efen mal neitrape waard.

Neffens syn maten wie de bewuste pleger net ien fan de alderslimsten en dat ha we dan mar foar leaf oannaam.

It wie Dennis die’t us san 10 menuten foar de ein op in fertsjinne foarspronge sette, wy hiene al wat kanskes hant.

Hjirnei binne de sweltsjes noch inkele kearen tichtby de lykmakker west, mar tichtby is net genoch.

 

Nei de wedstriid hie Sipke noch in ferassing foar us. Ut in grutte kartonnen doaze kaam in fjouwerkant plastic ding, mei deryn wat fan gles. Ek hie er in moai ofskiedswurdsje foar us klear en ha we him fan us kant betanke mei in waarm applaus.

Sipke dankewol foar dyn ynset, fanatisme, serieuze ynstek, humor en bier!

 

Foar de oplettende lezer.

Jim misse de utslach fan 1 wedstriid.

Blauw – Wyt  – SDS 3         10 – 3

Ahum, ik sil yn ferban mei emosionele skearegelingen net yngean op de statistieken en de minsken die’t yn it fjild stiene……..

Blauw – Wyt is kampioen wurden, wy binne op it fiifde plakje einniche.

Oant takomme jier; SDS 3 Hoera hoera!

 

(SVB)