Ferkeapjen m2’s keunstgers (2)

Weppers woansdei 8-4
7 april 2015
Weppers tongersdei 9-4
9 april 2015

Wy binne in wike los!

Ynmiddels binne wy in wike los en it jild komt stadich oan binnen. Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat kin it jild no stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Graach ynleverje foar 30 april!

Mochten der fuotbaljende leden noch altiten gjin lotten krigen hawwe, lit it dan efkes witte fia
info@vv-sds.nl.

Opbringst Wheagan-aksje
Autobedriuw Wheagan yn Wommels hie fan ’t winter ek in aksje en de opbringst gie nei it keunstgers. Wy binne tige bliid mei dizze €250,-. Tige by tige!

Sneon 11 april feest foar SDS-jeugd yn de Tsjerne!!
Kommende sneon is der foar de jeugdleden fan SDS in alderaardichst feestje yn de Tsjerne. De opbringst komt ten goede oan ús nije akkomodaasje. Net stinne, (stjoer de bern) der hinne!


Tips
De leidster fan SDS Vr.1, Jacomien Heeres, hat noch in pear aardige tips om de lotten te ferkeapjen:
– vraag mensen bv of ze lege flessen hebben die jij voor hen kunt inleveren en resterende deel van de € 10,- contant bij laten betalen
– doe in ruil voor de verkoop van een lot voor 10 euro een klusje voor de koper; tuinwerkje, boodschappen, autowassen, avondje oppassen enz enz
– kijk eens bij je eigen spullen/kleding en verkoop wat leuke dingen op marktplaats, besteed de opbrengst aan een lot; wie weet win jij die prijs ����
– jullie hebben zelf vast ook goede ideeën….
Op Facebook kamen wy al ien tsjin dy ’t syn boeken sa ferkocht hat en dêr lotten foar kocht hat.

As earste kwyt!
SDS 1 hat oan ’t no ta noch de measte lotten ferkocht. By de jeugd binne dit de mannen fan D1. Ús jongste lid dy ’t al syn lotten al ferkocht hat is Rients Klein-Swormink fan F3. Superdepuper!

Alles kwyt!
Bram van Beem hat de gang der ek yn!
Ik hew mien lotten al lang ferkocht. Mar ik miende dat jim it jild gewoan ofskriuwe. It jild is alwer op.
Met vriendelijke groet,

Bram van Beem
Wannear Bram wer sinten hat kin hy syn jild no stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067

Wol se net kwyt!
De mannen fan SDS 2 hawwe al aardich wat lotten ferkocht, mar sitte dochs wat mei in dilemma. “Wat as no krekt dy €3000,- falt op in lot wat ik ferkocht haw? Ik tink dat ik de measten dochs sels mar keapjen gean………..

Gruttere stikken keunstgers “keapje”
Wa ´t net genoch hat oan it keapjen fan ien of meardere m2 keunstgers kin ynkoarten fia de webside biede op:

– De middenstip

– 4 cornervlaggen

– 2 penaltystippen
Letter mear hjir oer!

Winne, winne, winne!
Hjir noch efkes de prizen dy ’t der te winnen binne mei de grutte lotterij”
Haadpriis; €3000,-
2e priis: €1500,-
3e priis: €500,-
Fierder noch SDS-trainingspakken, SDS-tassen en SDS-sjaals.

Restanten keunstgers
Mochten wy net folle jild ophelje mei ús aksjes dan hat âld-SDS’er Sytze Kooistra noch wol in idee:


Mulier krijt ek keunstgers
By Mulier yn Wytmarsum krije sy ynkoarten ek in keunstgersfjild (klik
hjir).