Weppers tongersdei 9-4

Ferkeapjen m2’s keunstgers (2)
9 april 2015
Seleksjes sneon 11-4
9 april 2015

Programma sneon
Jim kinne it programma foar kommende sneon
hjir sjen. Mei skiedsrjochters en al.
SDS 1 spilet sneon foar de 3e kear efterelkoar thús. Sy meie om 14.30 oere thús tsjin de polderboys fan SV Marknesse.


De kantine is jûn iepen
SDS 1,2,4,5 en de A’s traine jûn allegear wer yn Easterein en Gerrit Flisijn hat bartsjinst. De nijste stân fan de SDS-League leit der om 20.30 oere en Gerrit sil fêst in noflik stikje muzyk draaie. Kom allegear!

Rektifikaasje (2)
Sjoerd is fansels net 35 jier âld sa ’t wy juster melden, mar 34 jier. Ús oprjochte ekskúses!

Foto’s SDS 1 – TONEGO 1
Henk Bootsma makke peaskemoandei in hiel soad foto’s by SDS 1 – TONEGO 1. Jim kinne se no allegear
hjir sjen.

Lokkich genôch hawwe wy de foto’s noch!
Foto Henk Bootsma

Nijland – Nijland
By vv Nijland kinne sy de bekerfinale wol wurdearje (klik hjir).

Harsens derby (1474)
Hy is moai!