Fan Easterein nei boer Pyt

Utslaggen 28 augustus
29 augustus 2004
Willemleaze wepperkes
30 augustus 2004

SDS 4 wie dit jier útnoege foar in toernooi op Skylge. Mei krekt 13 man waard de reis oanfongen wylst grinsrjochter Klaas Overal kwartiermakker wie.

Fyts útsykje
Fanôf de boat kaam foar sommige de earste teloarstelling. De tassen waarden yn de auto nei it sportfjild brocht mar de spilers moasten op de fyts. Dat wie ôfsjen dy 7 kilometer mei mar ien lekke bân fan Jaap B,

De kantine
Nei in heal oere fen waard de earste opdracht folbrocht. De kantine fan Sc Terschelling wie fûn. Tafallich leine de fjilden der ek.

Bekomme
Nei twa wedstriden tsjin fêstewâlploegen stie it der goed foar. Mulier waard ferslein mei 2-0 troch doelpunten fan Tjeerd D. en Ype T. en Heerenveen waard ek mei 2-0 oan de kant setten. Doelpunten fan Ype T. en Durk K. Dizze lêste wie gastspiler en wie selekteard op syn gefoel foar sfear. Ek Oebele A en Robert H binne dúdlik te herkennen nei dizze ynspannende bezigheid.

Sukses
It sukses nei twa wedstriden krige gjin ferfolch. Om der seker fan te wêzen dat der takem jier wer in útnoeging yn de bus rollet, waard ferlern (0-3) fan de Skylger ploech en gelyk spile tsjin de oare.(1-1) Doelpunt , neffens Ype in skot yn de krusing , mar hy syn linsen der net yn, fan Oebele Anema, dy’t it sels in yntikkerke neamde. Lykwols syn earste doelpunt by SDS.

Priisútrikking
Mei 7 punten waard in prachtich tredde plakje helle, fansels krekt ûnder de twa gasthearen.
Foar de brûs en barbekjoe noch efkes op de foto, makke troch Baukje Overal.

Lucht en luchtbêden
Nei in noflike sit moast de slieptinte ynrjochte wurde. Gelokkich hiene de measten noch wol wat lucht foar it opblazen. De wiene ek guon ta it uterste gien en sy moasten helpmiddels brûke.


De tinte
Der wie romte genôch yn de tinte foar dizze 13 minsken. Der sliepten lykwols mar 12. Fedette Eddy de Boer sliepte yn it bokkehok. Hy moast syn rêst wol ha om sneins ek wer goed yn foarm te wêzen.

Hoe’t fierder gie doe’t it tsjuster kinne jim moarn lêze op dizze side.