Willemleaze wepperkes

Fan Easterein nei boer Pyt
29 augustus 2004
Fan Easterein nei boer Pyt (2)
30 augustus 2004

Programma
Kommende sneon giet it wer oan. De kompetysje 2004/2005 begjint. Alle wiken kinne jim it folsleine programma fine ûnder it kopke: agenda.

Neist it programma fan sneon is der dizze wike ek noch in bekerprogramma foar in oantal junioren en pupillen.

En woansdei begjint it sels yn de seal ek al wer. SDS 1 futsal moat foar de beker nei Ljouwert om tsjin Terschelling te baljen.

 

Tinus
Krekt in wike lyn op tiisdeitejûn sei Tinus Hoekstra dat hy noch ien wike wurkje mocht. Per 1 septimber makket hy gebrûk fan de FPU regeling. Wy kinne ús hast net foarstelle dat dizze man him ferfele sil. Seker mei in fuotbalklup yn de eftertún.

Wy winskje Tinus noch protte goeie en sûne jierren ta nei moarn. It behear fan de sporthal komt no hielendal yn hannen fan Titus en Richt.

 

Kransen
It nachtkeatsen gie net troch yn Easterein en dat skeelde sommige famyljes wierskynlik krânsen. It liket er op dat er dit wykein net folle skoord is. Freddy Scheltema hie tasein dat Sicco dit wykein mei twa kransen thús komme soe. Wy binne benijd at Sicco noch op it selde adres wennet no’t in twadde priis en neat de rispinge wie.

Ek Anke-Marije Pompstra hie in twadde priis en dus gjin krâns. Mooglik dat wy noch in berjocht krije út Lollum want Trinus liet in wykein Skylge foarby gean om Petra te helpen it oantal kransen oan de muorre sa danich heech te krijen dat Wichard de tel hielendal kwyt rekket. Wurde de Okkema’s dan dochs de winners? Freed witte wy it.

 

De SDS league

Foar snein 5 septimber moatte de formulieren ynlevere wêze. Wat soe it aardich wêze dat regelateur Willem freed de doar hast net iepen krije kin omdat er in protte formulieren yn de bus lizze. Jimme kinne it fansels ek maile mar doch it. Neist it feit dat it in spannend spul is , mei alle wiken tuskenstannen op dizze side, levert it de klup SDS ek noch wat op (sadat wy net mei koeken by de doar lâns hoege) en je kinne fansels jildprizen winne en dat is nea wei yn in tiid dat de regering net mear betrouber is troch de PC regeling samar ôf te skaffen.

 

LC Coach
Der binne fanút SDS 9 dielimmers dy’t meidogge oan it tige aardige spul LC coach fan de Ljouweter Krante. Under de namme SDS Easterein is it maklik de tuskenstanden by te hâlden. Willem Wijnia, dy’t nei syn prachtige pakje fan ferline wike, gelyk op fakansje gien is, kin gerêst noch in wike fuort bliuwe. Hy stie op it 293ste plak en dat is net echt min mei sa’n 4000 dielnimmers. Fan de SDS “coachen”is hy de beste oant no ta. It lêste plak hat Sibe oerdien oan Bundy. Dy is dan wol troud mei it fuotbal mar dat hoecht noch net te betsjutten dat je it measte ferstân der fan hawwe. Stân nei 3 wiken sjoch hjir

 

Groet út Drinte
Webmaster Willem, dy’t fan doel wie de kommende tsjinstanners fan SDS 2 yn Drinte efkes te besjen, hat pech. Fia net befestigde berjochten mar like goed wol tige betrouber krigen wy it folgende berjocht binnen:

Wy binne juster efkes by Willem op de camping west. Moai plakje, mar mei Willem is it net bêst. In bist hat him yn de twadde tean stutsen, dat hy hat in hiele dikke tean en foet. Hy hat it dreech, kin hast net rinne. Oan de ein fan de dei hie der lokkich in rollator (Tom syn buggy fûn) en sa koe hy dochs efkes in eintsje mei ús rinne.
Bliid dat er in oplossing is, want Willem is seker in grut leafhawwer fan rinnen (en draven)

Sterkte Willem.

 

 

Utslaggen

De útslaggen fan jeugdwedstriden komme net altiten gelyk op dizze side. Dat wolle wy graach oars. Nim as foarbyld de bekerwedstriden dy’t ferline wike spile binne. Wy krije net in útslach binnen. En wy mar tinke dat de jeugd altiten efter ynternet sit. Dêrom in oprop fan ús oan de lieders: freegje ien of twa fan de jonges fan de ploech om ús de útslach en de doelpuntenmakkers sa gau mooglik troch te jaan. Wat soe dat leuk wêze dat wy wat jonge meiwurkers foar dizze side krigen. Maile kin dizze wike nei hof.hol@planet.nl

Nijs
Ha jim noch nijs mail it dan dizze wike efkes nei hof.hol@planet.nl . Dan hat it kâns dat jim it dizze wike lêze kinne op de side.