EK-middeis-wepperkes

SDS EK-League: Net folle feroare
23 juni 2004
SDS EK-League: Chris Postma rint yn op Lolke
24 juni 2004

Klaas Malda
De feesten yn Wommels koenen fansels net trochgean sûnder Klaas Malda. En fansels hy wie der dan ek. Al wat skraler om ’t gezicht mar noch altiten like fleurich. Sa nei de feesten moast hy werom nei Beetstersweach, mar hy komt fêst gau wer ris. Om him de kop derfoar hâlde te litten, kinne wy him altiten nochris in kaartsje stjoere. It adres:
Klaas Malda
Centrum voor revalidatie
Hoofdstraat 3
9244 ZN Beetsterzwaag.

Eastereiner feesten sûnder ……?
Wy hawwe heard dat de nije bierleverancier fan de Eastereiner feesten wat problemen hat mei it leverjen fan bierfleskes. Miskien moat sels de taap der oan te pas komme.

En toen was er ………..

Sponsor
SDS hat der in nij sealteam by. Hartstikke moai fansels, mar dizze jonge hûnen wolle wol graach sponsorde shirtsjes oan hawwe. Wa as belangstelling hat kin maile nei
info@vv-sds.nl.

SDS 6
Hoe as it no mei SDS 6 komt wit net ien. As it goed is komt der dizze wike mear dúdlik. Der stiet in moaie spilersbus te keap yn Itens en op ‘e Eastereiner feesten kin ûnder it genot fan in potsje bier fêst noch wol wat spilers regele wurde. De list mei hântekeningen moat dan al mei.

Wa wurdt Europees Kampioen?
Yn ‘e SDS EK-League rinne de foarspellingen noch al wat útien wat de Europees Kampioen oangiet. Jimme kinne it hjir sjen:

Portugal 9
Spanje 1
Frankryk 16
Ingelân 4
Denemarken 1
Italië 4
Nederlân 17
Tsjechië 1

De 5 minsken dy ’t Spanje en Italië hawwe sit der al nêst. Soenen der jûn ek wer 17 de boat yngean??

Traine
SDS 2 soe eltse tiisdeitejûn fan 20.00 oan ’t 21.30 oere traine. Dit wurdt in oere earder. Sy traine dus kommend seizoen op tiisdei fan 19.00 oan ’t 20.30 oere.

Nijs
Hawwe jimme noch nijs? Mail it dan nei info@vv-sds.nl