Efkes Balje

Weppers freed 6-6
5 juni 2014
Weppers snein 8-6
8 juni 2014

Justerjûn profitearden de Efkes Ballers fan it spontaan ûntstiene Iepen Itenser Kampioenskip Gersmeane. Sa koe in diel fan de wedstriid op in strak en koart  fjild spile wurde.
Efkes Ballers binne oer it algemien wol wend dat de fjilden net ideaal binne. Of  it te is te hurd, te wiet, te min gers of te folle gers.
Sa as yn Wommels. In prachtige tichte gersmatte mar at it gers ek mar efkes te lang is dan giet it dêr stroef en komme de kwaliteiten fan de Efkes Ballers der niet alhiel út.
Sa tochten de trije fan Itens/Hinnaard ek en sa seagen de oare Efkes Ballers foarôfgeand oan harren wedstriid in spannende gersmeanwedstriid tusken Ferrie, Bonne, en Harrie.


Krekt foar healwei achten wie de start. Harrie en Ferrie wiene goed oanelkoar weage en dat wylst Bonne syn meaner noch fan de karre helje moast.


De beide mannen bleaunen lang lyk op gean, mar oan de gesichten te sjen rûn de iene der wat ûntspannener bij as de oar.


It duorre dan ek mar in pear slaggen dat Bonne sjen liet dat it mei syn kondysje wol goed sit…hij hie Harrie al gau yn sicht…en dy biet op syn toskfleis om foar te bliuwen


en doe moast Bonne op jacht nei Ferrie, dy’t der noch altiten bij rûn of is meanen syn deistich wurk

 

 

 


En ja hear, bij de finisj wie it dan ek Bonne dy’t laitsjend as winner fan it IIKGM oer de streek kaam.

Doe’t de masjines stil set waarden, lei der in prachtich fjildsje en koe der hast neat mear mist gean om der in prachtich Efkes Baljen fan te meitsjen.
Dat wie lykwols net it gefal: keatsers op it fjild en in sleat der omhinne is net in goeie kombinaasje.
De Efkes Ballers wiene ferdreaun nei de sleatskant en it docht dan bliken dat guon dêr net mei omgean kinne. Sij bouwe mei opset rêstmominten yn …
It spul lei te faak stil en pas neidat de keatsballen allegear wer opsocht wiene, kaam der in better plak. No ja better, it gers wie wat te  lang (!).
Sa waard it foaral in jûn fan seure op it keatsen, seure op de feart en dochs ek wer seure oer it lange gers.
Uteinlik kamen der winners. De 4 winnende doelpunten kamen der en miskien wie it hichtepunt fan de jûn úteinlik wol dat Bertus in “frou kâlde frou Heineken” yn de auto stean hie.
Dy smakken hearlik.

(ah)