Weppers freed 6-6

Weppers tongersdei 5-6
5 juni 2014
Efkes Balje
7 juni 2014

SDS B1 is KAMPIOEN!
SDS B1 is justerjûn kampioen wurden. Sy moasten winne fan Sparta-Deinum B1 om kampioen te wurden en moasten de resterende 19 minuten noch fuotbalje. It waar wie noch minder as 2 wiken werom doe ’t sy mei 2-1 foar kamen. It fjild stie no op inkelde plakken sels blank. Sparta gie lyk op syk nei de lykmakker en dat levere ek lyk in kans op. Dizze waard mist en de earste de beste kans dy ’t SDS krige flein der lyk yn(Almar). SDS like hielendal op roazen te sitten doe ’t efkes hjirnei oan beide kanten itselde barde en Habtamu der sels 4-1 fan makke. It waard noch in bytsje spannend mei de 4-2, mar de winst kaam net mear yn gefaar. Kampioen! Fan herte lokwinske!


Efkes Balje
It is freed en it is moai waar. Wat kin der noch mis gean om der wer in moaie Efkes Baljen fan te meitsjen. Wij binne benijd nei de klupsjurtsjes jûn (foto).

Winterfuotbal
It echte fuotbal is no echt dien, tinke wij. Net alles is spile, hawwe wij begrepen fan A1, mar sij binne dan ek de pechfûgels fan dit seizoen. Wij skatte yn dat se totaal wol 14 kear in GNT bijskriuwe koene.

Simmerfuotbal
Moarn is der yn Dronryp noch in aardich toernooitsje: it Midsimmertournooi. It fuotbal begjin al om 10.00 oere en de finale is om 17.15 oere.Tusken dy tiden kinne jim û.o
SDS sjen. Sjoch hjir foar it skema.
Foar SDS sille Jaap, Anne, Wytze, Bote, Tsjipke en Willem yn aksje komme.

SDS-WK-Pool
Fansels dogge jim allemear mei oan de WK pool fan SDS. Jim kinne der hjir alles oer lêze.
Jim hawwe noch in lytse wike om him yn te fullen.

Fan herte lokwinske!
Feite de Haan wurdt hjoed 37 jier. Fan herte lokwinske!

Keatse
En tusken de tarieding fan it fuotbal op it nije seizoen wat ús net op tiid genôch begjinne kin, is der hjir en dêr keatsen.
Sa keatst doarp en stêd kommende moandei tsjinelkoar op de
Ned. Kampioenskippen. Wij sjogge dêr al wer hiel wat SDS-ers bij stean, lykas yn it partoer fan Easterein, Wommels, Huzum, Lollum en Wiuwert-Britswert.
Meast opfallende namme is wat ús oangiet Robert Sijbesma dy’t nei sa folle jierren wer ris opdrave mei foar Easterein. Ek opfallend is de namme fan Kees Adema, earder Freule winner foar Wommels, fuotballer bij SDS en no keatsend foar Amsterdam.

Harsens derby(1293)
Wa ’t de SDS-WK-Pool ynfult hat en Argentinië as wrâldkampioen hat kin no wol wer op ‘e nij begjinne.