De earste weppers fan 2015

De lêste weppers fan 2014
31 december 2014
Weppers snein 4-1-2015
3 januari 2015

De alderbeste winsken foar


Hjoed
Freed dus Efkes Balje om 19.30 oere.

D- en E-toernooi
Moarn binne de E’s en de D’s aktyf yn de seal. Moarns de E’s en middeis de D’s. De teamyndielingen binne al makke
.
De E’s moatte der om 8.45 wêze en de D’s om 12.45. Dan kinne de teams gau los. 

Nijjiersit
Sneontemiddei allegear aktiviteiten en it soe moai wêze dat jim allegear earne oan mei dogge. Dus komme.

In rûntsje rinne
Mei allegear oare gesellige en sportive minsken. 13.30 oere is de start. In rûntsje fan in lytse 8 kilometer sil it sa ûngefear wêze.

In rûntsje drave
Kertier foar twaeen der wêze en wij ferwachtsje alle senioren, froulju en A’s fansels. Mar ek Efkes Ballers  en oaren dy’t belutsen (b.f. memmen en heiten) binne bij SDS meie fansels meidrave.
It sil in rûntsje fan in kilometer as 6 wêze, dat is foar elkenien te dwaan liket ús sa ta.

Snert
Foar alle dielnimmers oan it draven en rinnen is der snert

Sportmassaazje
Dooitze Nauta stiet nei ôfrin fan de twa bûtenaktiviteiten (rinne en drave) klear foar in lytse sportmassaazje. It is foar elkenien dy’t dat wol. Fansels kinne jim net allegear tagelyk, (Dooitze hat mar ien pear hannen) dus sille je soms efkes wachtsje moatte. Der binne noch wol twa betingsten: it is gjin blessurebehanneling en der wurdt net masseard at immen al in alkoholische fersnapering brûkt hat. Dus at jim noch net oan bar binne en yn de kantine wachtsje, doch dat dan mei tee of sa.
En net te ferjitten: de massaazje is fergees

Kwiske
Yn de kantine sille wij noch efkes in aardich kwiske dwaan. Gjin pet op of pet ôf , dus dy kin wol thús bliuwe, mar wol mei ús ferneamde drukapparaat. En elkenien hat kâns om dêr efter te kommen. Wa wol dat no net belibje?

Draaiend rêd
Fansels witte wij op foarhân wol wa’t de prizen winne, mar miskien is yn 2015 allegear oars. Dus jouwe wij in pear kear in gisel oan it apparaat.

League
Wa soe de SDS league earste seizoenshelte wûn ha? Jim kinne heare en sjen wa’t de kenner is. En dy poedelpriis foar wa soe dy no wer wêze?

Muzyk
Wij kinne ús net yntinke dat er net in gaadlik stikje muzyk út de boksen komt.

Lift 2.0

Gert Jan Hessels (SDS 5) en Berber Hofstra (Jumbo1) binne as earsten oankaam yn Milaan. Uttôge mei harren grutte Italiaanske flagge kamen se nei sa’n 14 oeren al oan.
De start wie 1 jannewaris om 12.00 oere.

Jelmer Posthumus (SDS 1) en Geeske Yntema ( SDS Vr2) diene der krekt efkes langer oer mar wie tige optein mei harren “rees” tsjin de klok en de sliep en de wurgens en de spanning en de kjeld.
Wat de oare teams mei noch meardere SDS-ers diene hawwe kinne jim  sjen yn it ferslach.
It liftferslach is makke op snútboek en dat kinne jim
hjir besjen.

Harsens derby (1403)
Der feroaret net folle yn 2015. Wy binne noch mar ien dei ûnderweis en dêr is ‘ie alwer: “Tikkie werom, Jaap!”