Weppers snein 4-1-2015

De earste weppers fan 2015
1 januari 2015
Weppers moandei 5-1
4 januari 2015

Drave, rinne, ite, tinke, drinke en drukke
Sneontemiddei kertier oer ienen sette it programma útein. Hast 30 rinners gyngen ûnderweis foar harren loop fan ûngefear 8,5 kilometer.
De dravers folchden om 14.00 oere en dêrnei wie it tiid foar de hearlike snert, mei spek en brea.
It weromsjen oer 2015 (!) die foarsitter Willem en it beloofd in moai jier te wurden……
Tiid foar in kwiske, 10 team fan 4 of 5 man kreaken de harsens oer bysûndere fragen en yn de finale mochten twa team it útmeitsje.
Foto’s fan dizze noflike neijiersrin/sit kinne jim
hjir sjen.

Dravers
De dravers gyngen fia de Gouden Ingel, de Slachte, de Súdhoeke en Wommels, werom nei Easterein.
De tiden fan de earste 11 mannen dy’t binnenkamen:

41.15 Ewout de Boer
41.29 Anne Stenekes
42.48 Syb Overal
43.05 Tiede van der Velde
45.32 Klaas van der Weg
47.30 Hendrik Engbrenghof
49.02 Hendrik de Jong
49.04 Gerrit Flisijn
50.38 Mark Postma (mei bal!)
51.20 Skelte Anema
54.13 Harm Auke Dijkstra

Froulju

Fan de earste trije binnenkommen froulju hawwe wij de folgjende tiden notearre:
50.38 Richt Folkerts
54.29 Gerrie Edou Mollema
54.29 Marije de Vries

Kwiske
Nei de snert wie der tiid foar in kwiske ûnder leiding fan Sjoerd van Beem. 10 teams mochten earst antwurden betinke op 20 fragen en dat foel noch net ta. Foaral it goed lêzen wie neffens Sjoerd in probleemke.
It wie in spannende foarronde mar úteinlik kamen der twa teams yn de finale.
Sij namen om bar plak efter it TheodeJongdrukapparaat  en doe gie it oant de lêste ronde gelyk op. Doe makken de winners it ferskil.

Gida Heerma, Hans Kooistra, Klaas de Jager, Mark Postma en Baukje de Jong

Efkes Balje
Dat de Efkes Ballers de earsten binne dy’t wer los wolle yn it nije jier is al net mear sa frjemd. Sij komme mei muoite sa’n winterstop, dy’t allinne freed de twadde krystdei duorre hat, troch. Ut ferfeling boartsje se sa’n periode mei karbid (Ferrie van Spijk), dûke se de Waadsee yn (Tjerk vd P(otfisk(gerukt)), litte se har sjen op in roséparty (Remco B) , binne se jierdei (Harry K) of noch slimmer se geane de seal yn.
Dat lêste wie it earste ûnderwerp fan petear freedtejûn, want de pyntsjes hjir en dêr wiene net om’e nocht. Konkluuzje wie wol dat de seal in hiel min alternatyf is en dat se nea wer klaaie sille oer in min fjild.
Sa gie it dus freed los op in geweldich moai fjild mei 10 man. Dy tsiende dy’t oankaam fertsjinnet noch efkes oandacht. Ien senior ,dy’t sneons altyd yn de kompetysje meidocht, liet sjen dat ek hij wer hunkert nei it begjin. Lykas syn klup hunkert nei in kampioenskip: Harm Auke. Om syn goeie foarm foar de winterstop in ferfolch te jaan, kaam hij lâns om te skoaren. En dat die hij meardere kearen mei tank oan Sipke, Bertus, Harrie en Wouter. Sij fuotballen in goeie partij mar sa’t Remco B nei ôfrin sei: it moaiste gefoel nei de tiid is at je de grutte en de lytse partij winne. En dat die hij mei Remco H, Tjerk, Ferrie en Aant. It wie razend spannend mar dat alderlêste doelpuntsje yn dat ferskuorrend lytse hoekje oan de rjochterside  fan Remco H wie it ferskil. Dat is gjin gelok mar ynsicht, klasse en killersmentaliteit en it goeie famyljegefoel opdwaan.
Dizze wedstriid en neisit waard mei mooglik makke troch Bertus. Dy fan de Jumbo.
(ah)