De lêste weppers fan 2014

SDS-kryst en âld-en nij-puzzel
30 december 2014
De earste weppers fan 2015
1 januari 2015

Rabo-ledenstipers
Elts lid fan de Rabobank kin hjoed foar it lêst soargje dat de Rabobank SDS foar €5,- stipet. It is net dreech. Gewoan
hjir je gegevens ynfulle en de kode fan SDS “RLS 395” fansels. Dat moat slagje foar 0.00 tochten wy sa.

B’s yn aksje
De B’s wiene dizze wike ek yn de seal yn aksje. It gie betiden hiel aardich en dat is te sjen op
dit filmke

Tefreden
Op de falreep ek noch in tefreden skiedsrjochterskommisje fan SDS. Alle B junioren en froulju dy’t it spulrigelbewiis helje moasten binne dêr klear mei. Fan herte lokwinske.

Efkes Balje

De Efkes Ballers aktyf yn de seal? Soe dat wol goedkomme? Sjoch mei Theo, Johan en Klaas binne der trije erfaren sealbollers mar de rest dy lykje harren miskien wol better thús te fielen op it soms griene gers, wêr’t in lekkere glydpartij hichtepunten wêze kinne. Soene se wol komme no’t de seal in oerke beskikber is? Soene se wol sportskuon ha?
13 man hiene de gympen oandien en seagen earst wat ûnwennich om harren hinne, want it wie foar sommigen miskien wol 10 jier dat se foar it lêst de plofbal oanrekken. Of noch nea oanrekke hiene!
Mar de trije sealEfkesBallers namen de oare tsien bij de hân (of bij de poat) en soargen der foar dat it in heech nivo waard. Figuerlik want letterlik waard it dak mar ien kear rekke.
Sporthalbehearder Titus begong him kertier oer njoggenen al ûngerêst te meitsjen en sette
de eintûne al yn om de hearen der op te wizen dat der ek noch in kantine is.
Mar ja Titus wit net dat it echt om de lêste twa goals giet, wylst Titus miskien wol seach dat it goeie spul der net mear wie.
Der wie op it lêst sprake fan in gebrekkige koordinaasje fan wege fiergende wurgens, fan agressyf “oandebealchsitgedrach” fanwege in lichte foarm fan frustraasje.
In moaie jûn en suver hast ek noch in tredde helte. Mar ja ek dat moat wenne foar de Efkes Ballers. In matige opkomst.
En mochten jim tinke dat it der dizze wike op sit, dan ha jim it mis. Freed is freed en yn 2015 is dat gewoan de Efkes Ballers jûn. Ek op 2 jannewaris.
(ah)

Remco’s
Juster in opmerklik taferiel. De iene Remco wol de oare oanspylje en dan bart
dit

13.45
At je hjoed efkes yn de seal bolje wolle, dan moat je 13.45 bij de sporthal wêze. Dan wurde de ploegjes yndield (wierskynlik al 25 jier troch Tjeerd) en kinne jim oant 15.30 de lêst sprintsjes lûke, de lêste reddingen ferrjochtsje en de lêste praatsjes hâlde yn de kantine.

Aldjiersploech

De Aldjiersploech fan Easterein hat it wer foarelkoar krigen yn Easterein. Ut de grutte stêd in moai logo helje en dat stiet no te pronkjen foar kafé-restaurant Noflik.

Ferkearde en goeie sjalen

Johan Delfsma is in hiele grutte scHearrenfean fan. Hij gie ek yn syn arsenaal oan sjaals en sjurtsjes op syk nei ferkearde sjalen. Hij soarget wol foar wat lykwicht want hij docht der ek in goeie sjaal bij. Dit seit hij sels:
Sjaal 1 geweldig
Sjaal 2 geweldige wedstrijd maar foute sjaal
Sjaal3 vreselijk
Sjaal 4 vreselijk geen idee hoe ik daar aan kom

Harsens derby (1402)
Miskien is it in idee om sneon nei de nijjiersborrel noch efkes penaltys te nimmen…………